Diel dit berjocht

Regionale gearwurking set stap nei oprjochting International School Fryslân

It plan foar de oprjochting fan de International School Fryslân (ISF) kriget op tongersdei 19 septimber in wichtige ympuls. By in spesjaal evenemint sille ferskillende regionale partijen in yntinsjeferklearring ûndertekenje om mienskiplik oan it tastânkommen fan dy nije ynternasjonale skoalle te wurkjen.

De International School Fryslân moat in ynternasjonaal oriïntearre ûnderwiisprogramma oanbiede oan bern fan bûtenlanners dy’t nei de regio tsjogge. It ûndertekenjen fan de yntinsjeferklearring is in krúsjale stap yn it proses om goedkarring fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip te krijen. De formele oanfraach foar de oprjochting fan de skoalle wurdt foar 1 oktober yntsjinne. It belang fan regionale belutsenheid wurdt mei de mienskiplike yntinsjeferklearring beklamme.

“It oprjochtsjen fan de International School Fryslân sil foar de regio net inkeld in ûnderwiisynstelling fan ynternasjonale alluere betsjutte, mar fersterket ek de oantreklikheid fan Fryslân foar bûtenlânske bedriuwen en ekspats”, seit Michiel Kasteleijn, kertiermakker ISF.

Foto thússide: pixabay.com

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter