Diel dit berjocht

Helpe technyske ûntjouwingen it Frysk foarút?

Tiisdeitejûn 28 augustus krige prof. Hans van de Velde gelegenheid om syn ljocht skine te litten oer ‘It fertutearzjen fan it Frysk’ mei as ûndertitel ‘Is de technologyske redding nabij?’ Dat wie yn Frjentsjer yn de Botniastins. Ferline wike skreau ik der op Goeie.frl al in stikje oer.

Van de Velde is ferbûn oan de universiteit fan Utert en hâldt him dwaande mei de Fryske taal en lêste ûntjouwingen op dat mêd. De technologyske mooglikheden foar it oersetten fan de iene taal nei de oare wurde wat langer wat grutter en Van de Velde liet moaie foarbylden sjen. Sa is it mooglik om sprutsen taal yn gearkomsten fan gemeenterieden simultaan – op itselde stuit – oer te setten. In riedslid seit bygelyks wat yn it Frysk en mei in laptop yn sicht kin in oar riedslid dy’t gjin Frysk ferstiet fuortendaliks lêze wat der sein wurdt.

Der ûntstie yn it publyk diskusje hoe betrouber oft de oersettingen binne. No sjoch ik hast alle wiken nei it telefyzjeprogramma Buitenhof. Dêr hawwe se út en troch in gast dy’t Ingelsk praat. Dat wurdt dan tagelyk oerset yn it Nederlânsk en dat wurket goed.

Soms kin it net sûnder de technyk. Myn buorman wurket yn de bou en der hawwe se manlju út Oekraïne yn tsjinst. Dat soe eins net gean sûnder Google Translate.

De fraach dy’t Van de Velde beäntwurde hawwe woe, is oft dy tige moderne ûntjouwingen it Frysk ek foarút helpe. Dêr binne de mieningen ferdield oer. Ik bin fan betinken dat sokke oersetprogramma’s foar it Frysk needsaaklik binne; sjoch nei myn buorman, mar ik haw dêr grutte twivel by oer de wearde foar de fersprieding fan de taal. Dy liket my negatyf, want wêrom soe men de taal sels leare as it wûnderapparaat it wurk docht? It sels praten fan in oare taal hat dochs gruttere wearde; dêr kin gjin kompjûter tsjin op.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter