Diel dit berjocht

Hearlik neisimmerwaar

Hearlik neisimmerwaar 18 septimber 2024

DE JOUWER – It wie in waarme en hiel kreaze woansdei en it bliuwt oant snein neisimmersk.

Woansdeitenacht. kin it op in soad plakken dizenich of dampich wurde. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer tusken 8 en 13 graden.

Tongersdei begjint skier mei dizenich en dampich waar, mar yn ‘e rin fan ‘e moarn komt de sinne der ek by. Middeis skynt de sinne in soad, mar der kinne wol wat hingelwolken ûntstean. De kâns op in bui bliuwt lyts. By in matige noardeastewyn wurdt it goed 20 graden.

Freed liket wer in strieljende dei te wurden.

Jan Brinksma

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter