Diel dit berjocht

Noch twa dagen neisimmer

19 septimber 2024

DE JOUWER – Nei in skier begjin waard it tongersdei in strieljende neisimmerdei. It bliuwt noch twa dagen hiel noflik waar.

Tongersdeitenacht is de loft, nei alle gedachten, skjin en by in swakke oant matige noardeaste- oant eastewyn leit de temperatuer tusken 10 en 13 graden.

Freed skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn komt út it easten en is matich, yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt goed 20 graden.

Yn it wykein feroaret it waar stadichoan en nije wike wurdt it ritiger en minder waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter