Diel dit berjocht

Fegebart wint Liet 2024

Fegebart hat ôfrûne tongersdei it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de acht finalisten krige de band Fegebart de measte punten fan de faksjuery. Derneist wûn Fegebart ek de Gryt van Duinen-tekstpriis. Elise Westerhof krige de measte publyksstimmen.

It nûmer dêr’t Fegebart de finale mei wûn, hjit ‘Bingojûn’. “De hit fan Doede Veeman ‘De begraffenis fan Omke Wopke’ hat myn ynspiraasjeboarne west foar ‘Bingojûn’”, sei Jehannes Reitsma. “In komysk ferhaal mei allegearre oneliners! Fegebart sil Fryslân en Omrop Fryslân op 9 novimber fertsjintwurdigje op it Regiofestival yn Maastricht.

Op it twadde plak einige Haitze mei ‘Thús’, tredde waard Hannah Hoogsteen mei ‘Tegearre begjinne’. De Gryt van Duinen-tekstpriis foar de bêste tekst gie ek nei Fegebart mei ‘Bingojûn’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk sTmulearje. Deputearre Kultuer Eke Folkerts rikte de priis digitaal út. “It is in orizjineel en grappich nûmer dat in wat absurdistysk byld jout fan it doarpslibben”. “It fertelt in ferhaal en it rint ferskriklik út ‘e hân”, seit de sjuery.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn sette út ein mei de winner fan de finale fan Liet 2023. It publyk koe eefkes genietsje fan it liet ‘Foarby’ en har nije song ‘Water bij de wijn’. Steyn Land stie op it poadium mei syn ‘Skroat’, wat in feest! Mar wat ha wy benammen genoaten fan de finalisten, wat in ferskaat oan muzyk en teksten krige it publyk te hearren.

De folsleine útslach fan Liet 2024:
1. Fegebart, 46 punten
2. Haitze, 30 punten
3. Hannah Hoogsteen, 28 punten
4. Albert Meijer, 27 punten
5. Lotte & Berend, 25 punten
6. Elise Westerhof, 20 punten
7. André van der Weide, 14 punten
8. Pietrik & Trynke, 5 punten

Foto thússide: Piet Douma/PDF-Grafie

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter