Diel dit berjocht

Ein oan neisimmer

Ein oan neisimmer 20 septimber 2024

DE JOUWER – Der komt dit wykein in ein oan in rite mei kreas en waarm neisimmerwaar. Nije wike giet it waar bot hinne en wer, mar it wykein sjocht der noch goed út.

Sneon skynt de sinne in soad en der stiet net folle wyn, útsein by de kust lâns en boppe de Iselmar. Dêr komt de wyn út it easten en is matich. De temperatuer leit tusken 20 en 23 graden.

Snein is de loft al wat mear berûn, mar it bliuwt, nei alle gedachten, noch wol drûch. By in matige eastewyn wurdt it goed 20 graden.

Op moandei sjogge wy de sinne net in soad mear en der is ek kâns op in pear buien of wat rein. De súdwestewyn is matich en de temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter