Heechlearaar mjirkes Jarich Hoekstra (68) ferstoarn

Skriuwer en âld-heechlearaar Frysk Jarich Hoekstra is freed yn syn wenplak Kiel (Dútslân) stoarn. Hy is 68 jier wurden.

Jarich Freark Hoekstra waard yn 1956 berne yn Hitsum. Hy studearre Noarsk en Frysk oan de RUG, mei as byfakken Ald- en Nijyslânsk. Tusken 1981 en 1999 wurke er as frisist oan de Fryske Akademy. Sûnt 1999 wie er wurksum as heechlearaar Frysk oan de Christan-Albrechts Universiteit fan Kiel en projektlieder fan it Noard-Frysk wurdboek.

Jarich Hoekstra en syn kompaan Harke Bremer makken sûnt ein santiger jierren oersettingen yn it Frysk. De sprutsen taal fan stripferhalen lykas Asterix brochten se oer nei tige orizjineel Frysk en ek it aparte idioom fan Marten Toonder syn Bommelferhalen setten se op in kreative manier oer.

Lês it fraachpetear dat Hedwig Terpstra yn 2021 mei Hoekstra hie foar It Nijs en it petear dat se yn 2014 foar Ensafh mei him hie.

Foto thússide: Jarich Hoekstra (eigen foto)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter