Europeada: fuotbal ferbynt

De EUROPEADA 2028 sil yn Italië holden wurde. Dat is ôfrûne sneon bekend wurden. Europeada is it Europeesk fuotbalkampioenskip fan de autochtoane nasjonale minderheden yn Europa. It toernoai is in grut sportevenemint mei mear as tûzen dielnimmers. Njonken de fuotbalwedstriden stiet dit evenemint yn it ramt fan kulturele útwikseling tusken de minderheden. Op en bûten it fjild giet it om earlik spul, respekt, tolerânsje en ynternasjonaal begryp.

De Federal Union of European Nationalities (FUEN) organisearret EUROPEADA sûnt 2008 mei de pleatslike organisatoaren. Meastal bart dat yn itselde jier as dat fan it Europeeske Kampioenskip fan de UEFA. Yn it Noarddútske Hüsem hawwe twa organisaasjes harren ‘bidbook’ presintearre.

De striid om wa’t it toernoai organisearje mei, gie tusken de Hongaren yn Roemenië en de gearwurking tusken Sloveenske, Dútske en Friulyske minderheden yn Italië. Nei in spannende diskusje hawwe de FUEN-leden besletten om it toernoai yn Italië te hâlden. De iepeningsseremoanje is op 25 juny 2028 op it Piazza Unità d’Italia, yn Triëst, de haadstêd fan de regio Friuli-Fenezia Giulia. De finale is op 2 july.

Sawol manlju as froulju kinne de striid oangean. Fuotbalteams út Fryslân, dy’t dêr belang by hawwe, kinne har melde by De Fryske Beweging.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter