Diel dit berjocht

It giet de goede kant út mei it Frysk

De Twadde Keamer wie nea earder sa posityf oer ús twadde rykstaal. De tiid dat guon fan betinken wiene dat it Frysk better ôfskaft wurde koe, liket foargoed foarby.

Nederlân is meartalich. Elkenien dy’t yn ús lân omrint, heart neist it Nederlânsk in soad dialekten en talen lykas it Ingelsk, Turksk, Poalsk en ien of oar Berbersk dialekt, om mar in pear foarbylden te neamen. Yn it hjoeddeiske debat liket it somtiden dat meartaligens yn ús lân in nij ferskynsel is, mar dat is net sa. Der hat nea yn de skiednis in perioade west dat elkenien deselde taal prate, mar nei de midsiuwen is it ûnderwerp fan somtiden fûl debat wurden, benammen as it oer efterstân yn it ûnderwiis gie.

Yn it ferline hearske it idee dat bern fan mear talen yn ’e war reitsje en in taal dan net goed leare kinne. Benammen fan de sechstiger jierren ôf begûnen âlden dy’t fan hús út gjin Hollânsk praten, harren bern op te fieden mei de earste rykstaal. Ommers: “Wol in bern yn Nederlân it letter goed dwaan, dan is it wichtich dat it dy taal goed behearsket.” Undersyk hat lykwols útwiisd dat bern sûnder problemen mear talen leare kinne en dus mear as ien taal harren memmetaal neame kinne. Dêr binne wat langer wat mear minsken fan oertsjûge rekke, mei alle positive gefolgen foar it Frysk.

Alle taalkundich ûndersyk lit sjen dat in bern ûnder bepaalde kondysjes twa memmetalen ûnder de knibbel krije kin. Boppedat is twataligens goed foar de ûntjouwing en groei fan de harsens. Twataligen binne better yn it oplossen fan komplekse problemen, hja leare better oare talen, litte har minder ôfliede, lykje haad- en bysaken better ûnderskiede te kinne, hja leare dat oare minsken in oar perspektyf hawwe kinne as harsels. Teminsten, dat wurdt sein. Ik wit net oft it yn alle situaasjes wier is.

Mar it giet goed mei it Frysk en mei de Fryske Beweging, sis ik derby. Wa hie ea tinke kinnen dat der nochris sa’n jonge foarsitter komme soe: Sjirk Bruinsma, dy’t 24 jier is.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter