Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2018

Millennials oan set. Dêr woe ’k mear oer hearre. Dat ik ha op sneon 8 desimber, de middeis om healwei trijen, nei de Fedde Schurerlêzing yn Tresoar yn Ljouwert ta west. Sa’n gearkomste hie ’k alris earder hinne west en doe wie it my wat ôffallen.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch.

Dêrom wie ik wol benijd om te sjen hoe’t it diskear om en ta gean soe. It ûnderwerp, ‘Millennial mienskip’ dus, spruts my wol oan en datselde jilde foar de sprekker, prof. dr. Goffe Jensma. Dat de Ljouwerter wethâlder foar kultuer mr. Sjoerd Feitsma daliks in reaksje jaan soe, makke dat ik noch mear tocht dat it samar in nijsgjirrige middei wurde kinne soe. It waard my rillegau dúdlik dat ik wat dat oanbelange net de iennige wie dy’t sa tocht. Der wie aardich flecht op ’e koai en dat betsjutte in folle Gysbert Japiksseal.

Jensma begûn syn lêzing om 1960 hinne. Guon fûnen dat wol wat in lange oanrin om út te kommen by LF2018. Likegoed joech hy mei syn ferhaal, dat begûn mei De Encyclopedie van Friesland fan 1958, in moai oersjoch fan de feroaringen troch de jierren hinne. It wiene om 1960 hinne oersichtlike tiden en de Friezen fûnen de Fryske taal, it Fryskeigene en it Fryske lânskip gewoan. Jensma neamde yn dat ferbân Eeltsje Boates Folkertsma as de hoeder dêrfan en dy syn warskôgingen foar it teloargean fan dat eigene. Likegoed waard de suver ientalige plattelânssituaasje stadichoan in hieltyd mear twatalige situaasje, dy’t mei tank oan Fedde Schurer en syn Kneppelfreed hieltyd mear yn regels, ferdraggen en wetten fêstlein waard. De statyske mienskip fan doe waard linkendewei de dynamyske mienskip fan no. It lân is der noch, mar de lânbou is minder wichtich as doedestiden. Der binne fabriken en kantoaren kommen. Dat hat fan gefolgen hân dat we no te krijen ha mei in ferskaat oan oplate en gauris heechoplate minsken. It betsjut ek dat we hieltyd mear mei migraasje te krijen ha. Dat minsken om stúdzje en wurk fuortgeane, mar ek dat minsken fan om utens diskant útkomme. Dat is hiel gewoan wurden. It oanpart fan minsken fan bûten Fryslân en sels fan bûten Nederlân te uzes wurdt alle jierren grutter Dat hat fansels in ferskaat oan talen fan gefolgen. Yn ûndersiken hat bliken dien dat dy nije Friezen der gauris hielendal by hearre wolle, meidwaan wolle, de taal prate wolle.

Tresoar en LF2018, it wykein fan de reuzen. Foto: Aant Mulder

 

De statyske mienskip fan alearen is in dynamyske wurden. De millennials moatte fierder yn dy krekt beskreaune situaasje. De babyboomgeneraasje rint nei de ein, de millennials binne sa stadichoan oan set. De wrâld feroaret en wy feroarje mei en dat akseptearje we, sei Jensma. Dy feroaringen ha fan gefolgen hân dat twatalige skoallen trijetalich waarden, dat de hiele mienskip trijtaliger wurden is. Likegoed hâldt it dêr net op. Hieltyd faker wurdt oer translanguaging praat en wurde mei dat grutte ferskaat oan talen dingen dien. Wat dat oanbelanget ha we yn LF2018 mei ‘Lân fan taal’ net allinne sjen kinnen hoe grut dat ferskaat is, mar ek hoe aardich dat wêze kin. Dy ferskillende talen moat mei rekkene wurde.

Jensma is posityf oer dy feroaringen. It is goed dat we omtinken ha foar dat grutte ferskaat, dat we dêr yn alle earnst dingen mei dogge en dêr’t it Frysk ien fan is. Tagelyk komt it Frysk sa wol oan de krapperein. It is ommers net samar in taal. It is de taal dy’t by Fryslân, by ús, heart. Meartaligens is goed, mar oan it Frysk moat wol earst en meast omtinken jûn wurde. By alle wurdearring foar ‘Lân fan taal’ hat Jensma it gefoel dat dêr wat mear oandacht foar wêze kinnen hie. Eveneminten, kulturele eveneminten, binne prachtich mar de bining mei it lokale, it eigene moat net ferdwine, krekt oarsom, dêr moat op ynset wurde, mear as no it gefal is.

Feitsma, dy’t as it om LF2018 giet, wurch en tefreden is, liket it allegearre krekt wat fan de oare kant te besjen. Hy hat hege ferwachtingen fan de ynternasjonale kontakten. Hjir wurde no gearkomsten holden dy’t hjir oars nea hinne kommen wiene. Fan dy kant ôf besjoen is Feitsma ynnommen mei de meartalige aspekten fan it kulturele jier. Ynternasjonale kontakten en saakkundigen fan bûten kinne grif posityf fan ynfloed wêze, mar it bliuwt wat my oanbelanget in bytsje ûndúdlik hoe’t it Frysk der systematysk wat oan hat. It sil net hielendal tafallich wêze dat Feitsma it mear oer it Fryskeigene as oer de Fryske taal hat. Ik ha it gefoel dat it Frysk sa wat te folle as ûnderdiel fan eveneminten sjoen wurdt en wat te min as de taal dy’t we mei-inoar eins gewoan sa goed mooglik brûke kinne moatte.

Underwilens is krekt foar it skoft in nij tydskrift presintearre. It giet om in tydskrift dat hielendal yn it Frysk folskreaun is oer dingen dy’t yn en bûten Fryslân spylje. It is yn besykjen. Dêrom komt der foarearst allinne mar in 0-nûmer út. It tydskrift fan sa’n 70 siden bylket gâns en kin mei rjocht en reden in glimmer (glossy) neamd wurde. It ferskaat oan artikels is grut: koartere en langere ferhalen, koarte humoristyske stikjes, artikels oer sport, ferfier, kultuer en artikels om oer nei te tinken mei prachtige foto’s. It tydskrift is profesjoneel útjûn. De skriuwers, dy’t ek aardich profesjoneel binne, ha diskear alle artikels gewoan as frijwilligers skreaun. As der genôch belangstelling foar dit tydskrift is en as de oplaach fierhinne ferkocht wurdt, sil yn alle earnst neitocht wurde oer in ferfolch. Dat soe wat wêze: in nij Frysk tydskrift! Wa hie dat tocht!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter