Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2014

Op ‘e Fedde Schurer lêzing hat Henri Beunders, heechlearaar media oan de Erasmusuniversiteit fan Rotterdam, hjoed pleite foar it opkeapjen fan lokale en regionale media troch de oerheid. Op ‘e middei fan de lêzing waard grutte soarch útsprutsen oer de takomst fan lokale en regionale kranten en omroppen. Neffens Beunders soe yn it ferlingde fan de NPO (Nederlandse Publieke Omroep) ek op regionaal nivo in alsidich media-oanbod yn stân hâlden wurde moatte yn it belang fan de demokrasy. Gemeenten en provinsjes wurde no amper noch kontrolearre troch de media. De NPO wurdt betelle mei belestingjild, wêrom soe dat op lokaal/regionaal nivo dan net kinne?

Beuners neamde it konkrete foarbyld fan Almere. Dy stêd fan 200.000 ynwenners hat op it gemeentehûs mar leafst 50 minsken op ‘e ôfdieling foarljochting. Dêrtsjinoer wurkje by RTV Flevolân mar 2 en by ‘Almere dichtbij’ (krante dy’t twaris wyks ferskynt) mar 3 minsken. Op deibasis besjoen moat 1 sjoernalist it opnimme tsjin in ‘leger’ fan 50 PR-minsken fan de gemeente. Neffens Beuners binne politike partijen steatsorganen wurden, dy’t oer de boargers beslute mar net foar de boargers (útsein de lokale/regionale partijen en de SP). Troch dy ûntjouwing is in stevige kontrôle op lokaal nivo nedich.

Wol is yn de situaasje fan regionale media dy’t yn hannen binne fan de oerheden dan in stevich redaksjestatút nedich en in baas haadredakteur, neffens Beuners.

Direkteur Jan Koster wie it folslein mei Beuners iens dat ‘de lokale demokrasy fuortsakket’. It nijs moat de lokale demokrasy kontrolearje en oan ‘wierheidsfining’ dwaan. Koster sjocht lykwols mear yn de opset fan ‘Regionale media sintra’, in gearwurking fan de regionale kranten, lokale en regionale omroppen. Dat sil neffens him ek hurd dien wurde moatte. Koster liet him der net oer út dat de oerheid de regionale media opkeapje moat, mar wol dat de oerheden ‘har ferantwurdlikens’ nimme moatte datoangeande. ‘Fryslân fertsjinnet it om in goed mediabedriuw te hawwen’.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter