De Fryske Beweging (earder: De Ried fan de Fryske Beweging) is in stifting, dêr’t in tal organisaasjes en goed 500 stipers by oansletten binne. Hjirûnder in list fan de organisaasjes dy’t hjoed-de-dei oanslúten binne.

Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF)

De STAF jout oan de oansletten toanielselskippen advizen, leveret regisseurs, organisearret workshops en opliedingen en hâldt in spyllist by. Koartsein: de STAF stimulearret en begeliedt it amateurtoaniel yn Fryslân. Lês mear oer STAF.

Stichting Slach by Warns

Mei it ûnderhâlden fan it monumint op it Reaklif en it organisearjen fan de jierlikse byienkomst wurdt omtinken frege foar de aktuele posysje fan de Fryske taal en kultuer yn ferbân mei de minskerjochten. Lês mear oer de betinking.

It Frysk Boun om Utens

It Frysk Boun om Utens stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren. Lês mear oer it boun.

Freonen fan Omrop Fryslân (FOF)

It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio, telefyzje en online. De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF ) is de ûndersteuningsferiening fan Omrop Fryslân. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellingen en aktiviteiten. Lês mear oer de FOF

Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU)

De F.F.U. is oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis. Lês mear oer de FFU.

It Skriuwersboun

It Skriuwersbûn is in feriening dy’t de Fryske literatuer ferbetterje wol. It bûn set him yn foar it ferbetterjen fan de kondysjes fan de Fryske literatuer, ûnderhâlde kontakten mei Provinsje, útjouwers en maatskiplike organisaasjes, en organisearje ferskate aktiviteiten, serieus en ûntspannend.It Skriuwersboun is in feriening dy’t de Fryske literatuer ferbetterje wol.  Lês mear oer it Skriuwersboun.

Folkshegeskoalle Schylgeralân

Al sûnt 1948 komme gasten nei de Folkshegeskoalle om har te ûntjaan, te genietsjen fan de natuer en har thús te fielen by it Fryske mienskipsgefoel. Wy biede plak oan kursussen, skoalreizen en oare aktiviteiten yn in passende akkommodaasje oant wol 100 persoanen. Lês mear oer de folkshegeskoalle.

Stichting Krúspunt Oekemenysk Platfoarm

Krúspunt, oan ‘e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streek­ta­len. Lês mear oer Stichting Krúspunt.

Stichting Mearslach

Sûnt 2016 ûntwikkelt Stichting Mearslach yntegrearre, meartalige projekten foar it basisûnderwiis. Mei as doelstelling: De Fryske taal in normaal plak jaan yn de deistige praktyk yn it ûnderwiis yn Fryslân. It doel fan de stichting is it ferbetterjen fan de learprogramma’s foar it Frysk. Lês mear oer Stichting Mearslach.

De Federaasje

De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. De bekendste dêrfan is it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer mei ûnder mear in foarumdiskusje en in Kabaretkriich. Fierder ûnderhâlde de studinteferienings fia de Federaasje kontakt mei in tal Fryske organisaasjes. Lês mear oer de Federaasje.

De Jong Fryske Mienskip

De Jongfryske Mienskip is in libbene feriening mei in 100 leden. Jierliks wurde ferskate aktiviteiten organisearre, allegear mei it each op ferkenning – ferbining – ferbreding fan de Fryslannen, de Fryske taal, de Fryske kultuer en Fryske identiteit. De JFM oppenearret him fierder by kwestjes oangeande it Frysk en Fryslân. De JFM publisearret moanliks in nijsbrief en elk fearnsjier it blêd ‘Nij Frisia’. Lês mear oer de Jong Fryske Mienskip.

De Fryske Rie

Aktiviteiten dy’t yn it each springe, binne it organisearjen fan it Ynterfryske kongres, it Friesen-Droapen op Hilgelân en reguliere moetings fan groepen út de Fryske befolking. Lês mear oer de Fryske Rie.