Diel dit berjocht

Frijwilligers socht foar 77e Betinking fan de Slach by Warns

Op 28 septimber 2024 om 13.45 oere wurdt de 77e Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif holden. It tema is dit jier: Frysk wêze hjoed-de-dei – wat betsjut dat?

Goffe Jensma, emearitus-heechleraar Fryske taal- en letterkunde, nimt de besikers mei yn syn tinzen oer hoe lokaal oft we noch binne yn de globale wrâld fan no, en hoe lokaal oft we neffens him tinke en wêze wolle, kinne, doare, meie, moatte. Fierdere ynspiraasje krije de besikers ûnder oaren troch de poëzy fan Dichter fan Fryslân Arjen Hut en troch de Fryske hiphopmuzyk fan Sample Text. Der wurde ferskate lieten mei-inoar songen en nei ôfrin is der tiid om inoar te moetsjen en mei de sprekker te diskusjearjen.

De organisaasje siket noch in blazersgroepke en minsken dy’t op de dei sels efkes helpe. It bestjoer bestiet op ’t heden inkeld noch mar út twa minsken. Entûsjaste blazers, frijwilligers en nije bestjoersleden kinne e-maile nei ynfo@slachbywarns.frl. Sjoch foar mear ynfo op www.slachbywarns.frl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter