Diel dit berjocht

Arjen wie yn Lausitz: Sorbysk? Fansels!

Al fjirtjin iuwen wenje de Sorben yn ’e Lausitz, in gebiet yn de eardere DDR tusken Berlyn, Görlitz en Dresden. De Sorben – ek wol Wenden neamd – binne in West-Slavysk folk sûnder eigen nasjonale steat.

Arjen J. Dijkstra wie ferline wike foar de Fryske Beweging en de Fuen by de Sorben.

Krektlyk as de Friezen binne se offisjeel erkend as minderheid yn Dútslân. It tal Sorbysktaligen wurdt rûsd op tsien- oant fiifentweintichtûzen. Oer tachtich jier moat dat fjouwer kear safolle wêze. Dat doel wolle se realisearje mei tal fan aktiviteiten.

Brúnkoal ôfgraving

‘Strukturwandel’: feroaring fan struktuer

De ekonomyske situaasje fan de Sorben liket op dy fan de Limboargers yn Nederlân. De Lausitz is ryk oan brúnkoal. Alle enerzjy foar de East-Dútsers yn de DDR-tiid waard hjir produsearre. Hiele doarpen moasten plak meitsje foar de ôfgravingen (Tagebau) en de bewenners ferhuzen nei nijboude doarpen. Yn de njoggentiger jierren kamen der skjinnere foarmen fan enerzjy. De gefolgen wiene desastreus. Arbeiders yn de brûnkoal- yndustry krigen massaal dien. Om it jier 2000 hinne wie tritich persint fan de minsken wurkleas. It gebiet rûn leech. Fan de trijehûnderttûzen ynwenners yn it brúnkoalgebiet binne der hjoed-de-dei noch twahûnderttûzen oer. De posysje as wingewest hie grutte gefolgen foar de Sorbyske taal en kultuer.

Om 2017 hinne stelde it federale regear miljarden beskikber foar strukturele feroaring yn regio’s dêr’t koalen wûn wiene. Likernôch 17 miljard dêrfan gie nei de Lausitz. Dat jild moast bestege wurde oan projekten foar it fersterkjen en ûntwikkeljen fan it konkurrinsjefermogen. it ûnderwiis en de leefberens yn de regio. De saneamde Strukturwandel biedt kânsen foar de Sorbyske taal en kultuer. Ferskate projekten wurde meibetelle út de jilden foar de Strukturwandel.

Za regionalnu identitu

De Sorbyske organisaasje Domowina wol mei it projekt ZARI it Sorbysk op langere termyn wer revitalisearje. ZARI betsjut “Za regionalnu identitu”regionale identiteit. It doel dêrfan doel is ambisjeus. Yn 2100 moat de Lausitz hûnderttûzen Sorbysktaligen hawwe. Dat sil stap foar stap berikt wurde. Projektmanager Diana Pawlikowa: “Hieltyd mear minsken, doarpen, stêden en gebieten moatte it Sorbysk wer as harren taal ûntdekke. Wy wolle derfoar soargje dat it Sorbysk praten hjir wer normaal wurdt. Dat yn it deistich libben de minsken dy yn it Sorbysk groetsje.”

Mei fiif taalmotivators – yn Fryslân soene we dy meartaligens-koördinator neame – wurdt in netwurk boud fan Sorbysktalige minsken. De taalmotivators moatte klups en kulturele groepen doelfêst en kreatyf stypje en harren bewust meitsje fan it learen fan Sorbysk.

Sorbysk leare yn tsien moanne
It projekt Zorja jout de kâns om jin tsien moanne lang mei-inoar djip te ferdjipjen yn de Neder-Sorbyske taal en kultuer. Fjouwer taaltrêners, persoanlike “kmótš” (mentor), dy’t sels memmetaalsprekkers binne, stypje it proses nei floeiende taalfeardigens. Sûnder fokus op tabellen mei grammatika en wurdskatlisten, mar wol mei natuerlike foarmen fan taalwinning wurde se de taal machtich. Zorja is basearre op de ferskillende ûnderfiningen fan ferlykbere programma’s oer de hiele wrâld, fan de Bretonske minderheid yn Frankryk oant de lânseigen folken fan Noard-Amearika.

Leefberens: toerisme en kultuer
De Sorben hawwe in rike kultuer. Tradisjonele klean wurde noch in soad droegen, folksdûnsjen en koaren binne noch hieltyd populêr ûnder de jongerein. Toerisme wie altyd al wichtich yn ’e Lausitz. It Spreewald is it Giethoorn fan Dútslân, it súdlikste plak Bautzen is in stedsje grôtfol mei kultuer. De midden fan de regio wie lykwols fol mei yndustry. Dat moat ek toeristysk wurde. De âlde brúnkoalôfgravingen (foto thússide) wurde ûnder wetter set en sa geskikt foar rekreaasje makke. It plak Welzow profilearret him no as die Stadt am Tagebau. It toerisme moat soargje dat de jongerein wurk hâldt en hjir bliuwe kin. Troch de Sorbyske taal en kultuer yn te setten as ‘merk’, snijt it knyft oan twa kanten: de rike kultuer bliuwt yn stân en jout ekonomysk en sosjaal perspektyf.

Mynput wurdt in rekreaasjemar

Mear witte?
Nijsgjirrich wurden nei de Sorben en de Lausitz? Sjoch hjir foar mear ynformaasje

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter