Diel dit berjocht

Boek fan Robert Adjiet oer de frijheid en de Friezen

Wa binne dat eins: de Friezen? En wêrom steane se sa tige op harren frijheid? Steven Sterk fan útjouwerij Noordboek op ’e Gordyk hat ein maaie in boekje útjûn fan skriuwer Robert Adjiet, dy’t wiidweidich oer dat tema fertelt.

Boarne: Noordboek

Adjiet beskriuwt de swide en lichtfuottige skiednissen fan Fryslân en ûndersiket sawol yn de breedte as yn de djipte hoe’t dy mei de Fryske frijheid te krijen hawwe kinne. Mei syn oer it algemien luchtige en beskriuwende en soms romantyske skriuwstyl makket Adjiet it boek foar elkenien tagonklik, nettsjinsteande de soms yngewikkelde filosofyske skôgingen oer de Fryske frijheid.

Robert Adjiet is yn 1970 berne yn Suriname. Nei syn adopsje groeide er op yn in Fryske húshâlding oan ’e râne fan Fryslân deun by de grins mei Grinslân.

Ynhâld Van de vrijheid en de Fries
De legindaryske kening Friso en frijheidsstriders Magnus en Grutte Pier fochten foar de Fryske frijheid. Want ‘Leaver dea as slaef’. De striidbile is begroeven. Dochs stribbet in part fan de Friezen oant hjoed-de-dei nei frijheid en ûnôfhinklikheid. Wa wiene en binne dy Friezen? En wat is frijheid? Robert Adjiet beäntwurdet dy fragen fia in miks fan histoaryske, mytyske, politike, keunstsinnige en etomologyske skôgingen. In boek foar elkenien dy’t mei de Friezen meitinke wol oer de fraach wat frijheid te’n djipste is.

Boekynformaasje
Rubryk: Fryslân, skiednis | Titel: Van de vrijheid en de Fries | Priis: € 24,90 | Tal siden: 192 | Bynwize: kartonnen omkaft | ISBN: 9789464712056

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter