Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2013

Op sneon 16 novimber (de datum fan Kneppelfreed) is de tredde Schurerlêzing fersoarge troch Sybren Singelsma. Singelsma is berne yn Ljouwert en soan fan Jan Bearn Singelsma, it earste FNP-steatelid yn de 70-er jierren. Singelsma hat direkteur Europeeske Saken west by de Ynternasjonale Feriening fan Gemeenten yn Brussel. No hat hy in liedingjaande funksje by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

It tema fan de lêzing wie “Fryslân en Europa, identiteit en konkurrinsjefermogen”. Yn syn lêzing joech Singelsma as oanrin in histoarysk oersjoch fan it stadichoan ferdwinen fan it selsbestjoer fan de provinsje. Hie Fryslân foar de Frânske Revolúsje binnen it Nederlânske steateferbân noch in relatyf grutte mjitte fan selstannigens, nei de Frânske tiid wie it der kening Willem I alles oan gelegen om fan de Nederlannen ien steat te meitsjen, dêr’t de gewesten net folle te fertellen hiene. It distriktekiesstelsel joech noch wat garânsje op in eigen ynbring yn it lânsregear fan de gewesten, mar doe’t dat yn de 20e ieu (1917) plak makke foar de pylderstruktuer (zuilen) snijden de regionale belangen der stadichoan mear ûnder. Singelsma sette yn syn lêzing fraachtekens by de legitimiteit fan de bestjoerslagen yn Nederlân. Noch altyd wurde boargemasters en kommissarissen fan de kening beneamd yn plak fan keazen, mar helte slimmer is dat mei ús steatsbestel wy op in legitime wize ús eigen diktator kieze kinne.

Yn it fierdere ferhaal fan Singelsma waard benammen yngien op de krêft fan Fryslân. Hy liet sjen dat Fryslân krekt mear as 3 % bydraacht oan it BNP (bruto-nasjonaal-produkt). “Getalsgewiis hat Fryslân binnen Nederlân net folle om by te setten”, wie Singelsma syn konklúzje. Ek de konkurrinsjeposysje fan Fryslân is likemin heech. Fryslân skoart it leechst fan alle regio’s yn Nederlân. Dat sifer wurdt berekkene oan de hân fan in tal faktoaren lykas ynstellings, ynfrastruktuer, sûnens en primêr ûnderwiis, heger ûnderwiis, effisjinsje fan de arbeidsmerk, grutte fan de merk en noch in stikmannich.

Singelsma helle sa noch wat foarbylden oan om sjen te litten dat de posysje fan Fryslân binnen Nederlân en Europa net sterk is. Syn konklúzjes wiene dêrom:

  1. “Fryslân is yn Nederlân te lyts kwa befolking en ekonomy om yn in demokratysk systeem sûnder foarsjennings foar geografyske minderheden basearre op simpele mearderheden yn in nasjonaal parlemint te tinken dat it syn eigen lot bepale kin.
  2. De Provinsje Fryslân is net taret om binnen it Nederlânske konstitusjonele systeem it fuortbestean fan Fryslân en de Fryske taal te garandearjen.
  3. Europa is noch altiten basearre op de nasjonale steaten en sil dus net folle hâldfêst biede, op útsûnderingen nei lykas it Hânfêst. It EP hat in te grutte kiesdieler om te tinken dat Fryslânder ek mar ien sit helje kin, en wat soe dy dan al te fertellen hawwe.
  4. De struktuer fan it provinsjale en útklaaide (en ûntsiele?) gemeentlik nivo is noch gjin garânsje dat de Fryske mienskip goed fertsjintwurdige of betsjinne wurdt”.

Dochs lizze der foldwaande kânsen neffens Singelsma, mar dan sil de hiele mienskip him mobilisearje moatte. De Kultuerele Haadstêd jout dêrta in grutte kâns: “Fryslân sels moat him ta lêsten klear meitsje foar de takomst troch de  mienskip hecht te ferankerjen yn de polityk en omkeard. Dat is yn myn eagen de ienige beskerming dy’t we hawwe tsjin in net goed funksjonearjend NL demokratysk systeem dy’t ek nochris gjin garânsjes ynboud hat foar Fryslân en it Frysk”.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter