Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2015

It fjoerwurk dat direkteur Bert Looper fan Tresoar by de Fedde Schurerlêzing fan ferline jier ferwachte hie, mar doe weibleau, wie der dit jier foarôf al. Nei’t tongersdei de Ljouwerter Krante iepene mei de kop ‘Dominee: schrap kerkdienst’ stie de telefoan by sprekker Liuwe Westra, dêr’t de krante in foarpetear mei hân hie, thús reagleon.

De dûmny fan Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum fernijde sneon it omsittend laach – der wienen mear as hûndert minsken op de Fedde Schurerlêzing 2015 ôfkaam – lykwols dat it net syn doel is om de revolúsje te preekjen, lykas dûmny Wumkes, dy’t presys in iuw lyn yn aksje kaam foar Frysktalige tsjerketsjinsten.

Liuwe Westra

Westra (foto hjirneist) sinjalearret allinnich in ûntjouwing: hieltyd minder minsken ha niget oan sa’n wyklikse formele gearkomste. Der is sadwaande ek gjin plak mear foar twa aparte tsjerken yn ien doarpke, mar de gebouwen dêr’t minsken al 1500 jier hinne tein binne, moatte wol iepen bliuwe, ‘as libbene stiennen foar de mienskip’. “De geast fan ’e tiid freget om in kombinaasje fan lytse, ynformele byienkomsten op doarpsnivo en om grutte, ferbinende eveneminten op it nivo fan regio of sels provinsje, en in dúdlik stânpunt oer dingen dy’t ynternasjonaal op ús ôfkomme.” Westra wiist der ek op dat folle tsjerken net fan alle tiden binne, mar benammen fan it tiidrek dat nije tsjerken ûntstiene, tusken 1870 e 1960. “De skiednis is beskiedend foar it no. Dat makket dat oplossingen út Den Haach en Utert ús net passe. Friezen binne yn wêzen fansels net oars as oare minsken, mar de skiednis hat ús makke ta wa’t we binne, mei it lânskip.” Tige wiichtich is it feit dat wy hjir wier ‘it bêste lân fan de ierde’ ha, hâldt Westra út. “De Fryske Frijheid wurdt wolris as in marzjinaal ferskynsel ôfdien en letterlik hie dy ek plak oan de râne fan Europa. Mar útsein rivierbêden tilt it rûnom yn Europa op fan de rotsen en de stjinnen en is de grûn lang sa fruchtber net as by ús. In fruchtberens dy’t in ûnofhinklik bestean foar alle minsken mooglik makke en dy’t op peil holden waard troch oerstreamingen. Oerstreamingen dy’t it hearskers lestich makke oaren ûnder de kwint te hâlden. Oars as de Romeinen hiene de âlde Friezen in frije geast en keazen hja foar frije mooglikheden yn stee fan lân te feroverjen en in grut ryk te stiftsjen.” Sadwaande krige Bonifasius hjir ek gjin foet oan de grûn, net om it nije leauwen, mar om de nije regels dy’t er ynfiere woe.

Westra ferwiist nei skriuwer Michael Pye. “Dy bringt konklúzjes fan Ingelske learden op it aljemint dêr’t út bliken docht dat wichtige eleminten fan de hjoeddeiske beskaving yn de iere midsiuwen ûnstien binne op de glysterige stikken slik oan de iggen fan de Noardsee dêr’t de Friezen húsmannen: it brûken fan skippen en jild, hannel, demokrasy en de ynformaasjemaatskippij.” Al hast 600 jier behearskje de measte Friezen it Nederlânsk en yn al dy tiid hie eltse generaasje syn taal opjaan kinnen. Mar it heart by it eigen karakter om dat net te dwaan. Hjoed-de-dei is it dan neffens Westra wol wichtich dat de jongerein, yn stee fan de hjoeddeistige iensidige ûnderdompeling fan 12 jier yn it Nederlânsk – foar in slompe jild – syn eigen taal flot leart te lêzen en te skriuwen.

Piter van der Plank

Wumkes syn revolúsje slagge net. “Hy flokte yn de tsjerke. De Friezen woene net apart, mar de oansluting hâlde by de lanlike tsjerke.” Lykwols sjocht Westra dat taal en leauwe nau mei-inoar ferbûn binne. Koreferint wittenskipper Piter van der Plank (foto rjochts) stimt him dêryn mei. “In ferhaal dat my o sa trof wie in ymmigrant yn Amearika dy’t yn syn libben nei Jiddysk efterinoar Russysk, Heechdútsk en Ingelsk learde. Troch in oerhaal koe er de beide lêste talen net mear brûke en it Russysk mar in bytsje, wylst er him noch omraak rêde koe yn it Jiddysk.” Fan Friezen dy’t om utens yn de bernskens komme, binne sokke stoarjes ek bekend. “De memmetaal slút op in djippere laach oan.” Krekt as it leauwe. Van der Plank soe wolle dat de wittenskip him dêr, lykas eartiids, wer mear yn ferdjippet.

Westra: “Us identiteit freget om behâld fan it eigene, pleatslike sizzenskip, ferbining mei it gruttere gehiel, en romte om ús te ûntjaan. It wurdt de taak fan ’e tsjerken yn Fryslân, om dy konsepten geastlik foarm te jaan.” De taal spilet dêr in wichtige rol yn, krekt as bygelyks it sjongen en beide kombinearre. Yn it muzikale yntermezzo liet Wiebe Kaspers en band (foto lofts) mei in benammen Frysktalich repertoire sjen dat wy op dat mêd, yn de wurden fan Bert Looper, ‘noch wol twatûzen jier foarút kinne’. Westra sleat syn lêzing ôf mei in amerij stilte foar de oanslaggen yn Parys. “Geweld is bedoeld om minsken bang te meitsjen om’t men bange minsken oeral krije kin dêr’t jo se ha wolle.” By de diskusje sei petearlieder Geart Benedictus, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, wiis te wêzen mei de oplossingsrjochting foar it leechrinnen fan de tsjerken dy’t Westra spesifyk foar Fryslân oanjout.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter