Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2017

Yn de 15e en 16 e iuw wiene der yn ús lân fiif universiteiten: Leiden, Frjentsjer, Grins, Utrecht en Harderwijk. Tsjintwurdich tilt it op fan universiteiten en ‘universities”, want mei dat wurd besykje hegeskoallen studinten oeral wei te krijen. Men kin ek studearje oan in MBO-oplieding. Sa beskôge hawwe wy op dit stuit yn Nederlân mooglikheden genôch om op fytsôfstân te studearjen en is in ienfâldige learling in stakkert as er net studearre hat.

Nei mear as 200 jier hawwe wy yn Fryslân wer in echte universiteit. Nei de Frânske tiid yn 1815 feroare Frjentsjer yn in Ateneum. De measte studinten yn Frjentsjer kamen foar de stúdzje teology. Dat kin hjoed-de-dei op tal fan plakken. Ik freegje my ôf wêrom’t dy stúdzje net ûnderbrocht wurdt by letterkunde, mar dêroer in oare kear.

Foto: University Campus Fryslân

Yn Ljouwert hawwe wy sûnt maaie 2015 Campus Fryslân van de Rijksuniversiteit Groningen. Yn de kommende jierren komme der nije masterprogramma’s en in brede trijejierrige Ingelsktalige bacheloroplieding. “RUG/UCF verzorgt niet één bepaald wetenschapsgebied, maar is gericht op de multidisciplinaire bestudering van wetenschappelijke vraagstukken samenhangend met maatschappelijke en economische thema’s die als relevant zijn bestempeld voor de Friese regio” lês ik op de oangeande side.

Hokker rol, plak en betsjutting hie de universiteit yn it ferline, yn en bûten Fryslân.

“Yn de eagen fan in soad bestjoerders heart in universiteit tsjintwurdich ta de basisfoarsjenningen fan in regio of provinsje. Werom eins? It measte wittenskiplik ûndersyk is mear en mear ynternasjonaal, publikaasjes binne al lang net mear oan in pleatslike útjouwer of universiteit bûn en it heger ûnderwiis sels hat mar yn guon gefallen in ferankering yn de regio nedich, lykas by medyske foarsjenningen en guon letteren. Fansels skept it wurkgelegenheid, mar in soad stêfleden komme earne oars wei en fiele har net ferplichte oan de regio. Echt talint profilearret him benammen ynternasjonaal.

Wol hat in universiteit in grutte symboalwearde, as ynstelling dy’t de regio fan in maatskiplik en kultureel prestiizje fersekeret. Se kinne in stimulearjende rol hawwe foar it sosjale en kulturele libben troch oansluting te sykjen by kulturele tradysjes en fernijing. Oant op in beskate hichte funksjonearje se somtiden as “tinktank” dy’t de regio helpe kin om syn identiteit te formulearjen en sa meihelpe om soks hannen en fuotten te jaan. Mar lokaal oanbod kin benammen wat betsjutte foar it dielnimmen fan jongerein oan de wrâld fan kultuer en wittenskip en sadwaande meihelpe foar sosjaal ophelpen fan efterstelde groepen.”

Dat alles neffens Willem Frijhoff dy’t takommende saterdei sprekker is by de Schurerlêzing. Yn syn foardracht sil er út histoarysk perspektyf wei de wichtichste fan boppesteande eleminten besprekke. Hokker rol, plak en betsjutting hie de universiteit yn it ferline, yn en bûten Fryslân. Hokker alternativen binne der foar de funksjes en taken fan de universiteit en hoe wichtich is de universiteit der sels by bleaun. Sokke refleksjes binne nedich foar in lykwichtige en sinfolle diskusje oer nut en needsaak fan nije universitêre inisjativen en njonkenfêstigingen.

De komst fan Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân en de oanwêzichheid fan oare wittenskiplike ynstituten yn Fryslân wie oanlieding om prof. dr. Willem Frijhoff te freegjen it belang fan dy ûntjouwing yn in ynternasjonaal histoarysk perspektyf te besjen. Prof. Frijhoff wurke oan binnen- en bûtenlânske universiteiten, it lêst as heechlearaar skiednis fan de Nije Tiid oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Hy jildt as in belangrike grûnlizzer fan de mentaliteitsskiednis yn Nederlân. Syn belangstelling giet yn it bysûnder út nei foarmen fan kultueroerdracht.

Nei de Nederlânsktalige lêzing wurdt diskusjearre. De middei wurdt ôfsletten mei in drankje en in hapke.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter