Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2021

Folsleine rede fan Frysk dichter, essayist, literêr kritikus, sjoernalist, útjouwer, oersetter en fotograaf Abe de Vries, lykas juster útsprutsen yn De Koperen Tún yn Ljouwert, yn it ramt fan de Fedde Schurerlêzing (in koartere ferzje stie juster yn it Friesch Dagblad).

Wy ha de folkloare fan ’e kneppels mar wer oerlibbe, jo en ik. De kneppels yn ’e kranten bedoel ik. En op televyzje, en op toaniel, en yn ’e boekwinkel. Koest it net nét fernimme, dy kneppels fan santich jier lyn oer de Fryske bealch. Dy wienen sawat it bêste wat dy Fryske bealch oait oerkaam wie.

Op 16 novimber 1951 begûn de Fryske taalstriid, lies ik earne. Op in hieleboel plakken, yn oankundigingen, gearfettingen, trailers en teasers waarden de ôfrûne wiken grutte wurden brûkt. ‘Dit was het begin van de emancipatie van het Fries.’ ‘Kneppelfreed soarge foar in grutte feroaring yn ’e omgong mei de Fryske taal.’ ‘De dag symboliseert de emancipatie van Friesland.’ ‘Een keerpunt in de emancipatie van het Fries.’ ‘Een belangrijke doorbraak in de strijd om gelijke rechten voor het Fries.’

Ien ding waard al gau dúdlik: in dwerse kneppel siet der net tusken al dy reklamekneppels. Dat dêrom haw ik fannemiddei ien meinaam. Want ynbylding is slimmer as de treddeiske koarts, sa’t in bekend Frysk skriuwer oait sei.

De Kneppelfreed-ferbylding freget sa njonkelytsen om fraachtekens. Net om de symboalyske wearde fan Kneppelfreed leger te setten, mar om syn krekte plak en funksje yn de skiednis te ûnderfreegjen. Myn stelling fannemiddei is in foarsetsje, en foarút, dan ek mar dalik in Umwertung aller Werte: Kneppelfreed wie earder in ôfsluting, in finish, in grande finale as in nij begjin.

Om dat yn koart bestek dúdlik te meitsjen, nim ik jo mei permisje earst efkes mei werom nei de jierren yn en dalik nei de Twadde Wrâldoarloch. De Dútske besetting. Yn dy fiif jier klimt it Fryske fielen, dat troch ûnderlinge strideraasje yn it ynterbellum by de measten aardich belune is, wer ta grutte hichten op. Fryske ienheid is it biedwurd ûnder de omstannichheden.

Nei de befrijing hat alles wat Frysk is, dreech of tagonklik, fernijend of âlderwets, dy earste jierren foar de wyn. Behalve de kollaborateurs fansels. It Frysk Selskip bygelyks wie groeid fan minder as tûzen leden yn 1939 nei mear as fjouwertûzen yn 1944 en tsien jier letter binne it der sels mear as fiiftûzen! It wykblêd Frysk en Frij set yn 1945 út ein en hat ek samar tûzenen en tûzenen abonnees. Fryske polityk, dêr liket no einlings romte foar te kommen. Fryslân moat autonomy krije, kin men hearre. Net inkeld by de radikalinski’s fan it Frysk Striidboun en de opnij oprjochte Jongfryske Mienskip klinkt dat lûd, mar ek op gearkomsten fan ferskate politike sinjatuer wurde autonomy en desintralisaasje bepraat.

Heech op it ferlanglistke fan de bewegers stiet it ferplichtsjen fan Frysk ûnderwiis op ’e skoallen. In logyske winsk, want as jo in taal net hoege te learen op skoalle, hat sa’n taal gjin kâns om op termyn yn libben gebrûk te bliuwen. De sprekkers fan sa’n taal sille dan marzjinalisearje neigeraden de mooglikheden foar kommunikaasje en ekspresje yn har taal tebekrinne. Of, sa’t jo wolle, har ûntnaam of ûntholden wurde. Kneppelfreed wurket as in katalysator foar bewustwurding en bewegingseasken. Ynienen is yn de lanlike parse ‘de Friese kwestie’ berne. Yn de provinsje sels belibbet it ferhaal oer lykberjochtiging yn de slipstream fan Kneppelfreed in opflecht yn 1952 en 1953. Sa’t dûmny Van Tuinen fan Skettens seit, it liket as hat Kneppelfreed ‘eat fan it gefoel fan eigenwearde’ yn de Frysktalige kultuer wekker makke. Positive berjochten komme der ek fan de boekhannels. Guon meitsje yn 1952 melding fan wol 70 persint mear ferkeap fan Fryske boeken as in jier earder. ‘De lju dy’t sleau en lij wiene, binne wekker roppen’, sa wurdt skreaun.

Ynearsten hâlde de striders foar it Frysk de gong der goed yn. Op tongersdei 4 septimber 1952 is ‘Ons Gebouw’ yn Drylts mei trijehûndert man ôfladen fol en dan stean der ek noch 150 bûtendoar, allegear om Pieter Wybenga en Fedde Schurer te hearren dy’t de Dryltster CHU-boargemaster Jan Oppedijk de earen waskje. Oppedijk hie fraachtekens set by de Fryske taalstriid en hie yn de gemeenteried it Frysk Striidboun ‘staatsgevaarlijk’ neamd. De striidrop is: ‘Oppedijk aan de dijk!’

Wat de Fryske foaroanmannen wolle is dúdlik genôch. Sa’t Douwe Tamminga op de grutte protestbyienkomst fan 23 november 1951 yn Sealen Schaaf gearfettet: ‘De Friezen (..) begeare en easkje in wettelike taalregeling, wêrby’t oan de Fryske taal deselde rjochten takend wurde as oan de Nederlânske taal’.

Noch yn augustus 1953 hâldt de Ried fan de Fryske Beweging in saneamd ‘demonstratyf kongres’ yn Sealen Schaaf mei ûnder mear Hendrik Algra as sprekker, de rjocht- en Frysksinnige haadredakteur fan it Friesch Dagblad. It kongres beklammet yn in ferklearring dat it net ta kin mei fakultatyf Frysk ûnderwiis. Der moat in algemiene ferplichting komme.

Mar dan hat de yn alle hasten ynstelde steatskommisje-Wesselings al oare ideeën. Dy hat krekt oan de minister advisearre om Frysk ûnderwiis op basis fan frijwillichheid yn te fieren. En inkeld mar yn de earste pear jier fan de legere skoalle. It rapport wurdt krekt yn oktober bekend. In wetsûntwerp mei dy strekking giet al yn novimber nei de Twadde Keamer.

Hat dêr doe publike diskusje oer west? Yn Peter Boomsma syn boek oer Kneppelfreed is dêr neat oer te finen, en yn Johanneke Liemburg har biografy oer Schurer ek net. Dat is wat spitich, dêrom meitsje ik hjir in pear foarlopige notysjes.

As foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging lit Fedde Schurer yn oktober oan Het Parool witte ‘dat Friesland het niet met minder dan verplicht onderwijs in het Fries kan stellen’. Bauke Tuinstra fan de Fryske Kultuerried, Pieter van der Mark fan it Kristlik Frysk Selskip, Pieter Wybenga en Willem Kok fan de Fryske Akademy, al dy bewegers falle him by.

Dat liket op in stevich posysje-ynnimmen. Mar in rûne feroardieling fan it wetsfoarstel, en in eask om oanpassingen, dy binne yn it iennichste, trouwens Nederlânsktalige haadartikel fan Schurer yn syn eigen Friesche Koerier oer de kwesty, ‘Een levende hond’ fan 5 oktober, net oan te treffen. Wol skriuwt er dat de kommisje-Wesselings ‘om de principiële zaak was heengelopen’, nammentlik de ferplichting; dat is in ‘tekort’.

Hendrik Algra fan it Friesch Dagblad skriuwt op 16 oktober dat it Frysk wol ferplichte wurde moat, ‘mar no kin it noch net’. Earst de kommisje mar folgje, ‘dan kunnen er grote dingen in Friesland gebeuren’.

Jan Piebenga, haadredakteur fan de Ljouwerter, reagearret lykas Schurer teloarsteld mar like ôfwachtsjend, hy skriuwt úteinlik yn desimber: ‘Ongetwijfeld is dit de weg van de minste weerstand, maar het heeft het voordeel, dat de beslissing dienaangaande [P. bedoelt: oer Frysk ûnderwiis of net] nu zelf in de handen van het Friese volk wordt gelegd.’

Alsa waard de eask fan ferplichte ûnderwiis, nei Kneppelfreed sa dúdlik steld troch de Fryske beweging, yn it lêste fan 1953 troch sawol krantebaas Schurer as krantebaas Algra as krantebaas Piebenga sûnder al tefolle geroft bedobbe. En dat wylst it wetsútstel noch mar kâld bekend wie en yn de folksfertsjintwurdiging noch bepraat wurde moast en krekt twa jier letter oannaam wurde soe.

De ferklearring sil lizze by it ‘polderjen’ fan de hearen mei de provinsjale en lanlike polityk, dêr’t men foar ferplichte Frysk ûnderwiis tebekskrille. De dûbele pet-dragers hawwe har dêr sa’t it liket hiel gau by dellein. It momintum fan Kneppelfreed wie foarby.

Lit ús no wer efkes weromgean nei de literatuer. Tafal of net, krekt doe’t de kommisje-Wesselings yn maaie 1953 dwaande wie syn rapport oer de ynfiering fan Frysk ûnderwiis te skriuwen, kaam der slim spul yn De Tsjerne, it ideologyske haadorgaan fan de Fryske filosofen fan dy tiid.

Anne Wadman begûn út namme fan de keunst ynienen in guerrilla tsjin twa (kristlike) bewegers oer folk, beweging en literatuer en wat Fryske literatuer al en net wêze moast. Yn maaie tsjin skriuwer Inne de Jong – dy’t yn april yn De Tsjerne foar stipe fan Fryske skriuwers oan de saak fan it ferplicht Frysk ûnderwiis pleite hie – en yn juny tsjin fersetsheld Pieter Wybenga.

It resultaat wie in krúsjale ferswakking, op in polityk sjoen krityk stuit, fan de beweging yn de diskusjes oer gelykberjochtiging. Wadman stapte út ’e redaksje, mar De Tsjerne luts him likegoed foarearst fierhinne werom út de ûnderwiis- en taalrjochtepolityk.

As ik goed sjoen ha, joech Marten Jan de Haan noch in lêste klaroenstjit yn 1956, yn syn moaie stik ‘Ekspedysje oer de sompe’. Hy skreau: “It frjemdtalige ûnderwiis op de skoallen yn Fryslân makket, dat it gefoel foar it libbene, it organyske, it persoanlike yn de taal, it gefoel foar de styl dus, dy’t de skriuwer bestribbet, by de lêzer mist (..) Om dêr ferbettering yn te krijen is Frysk ûnderwiis op skoalle ûnfoldwaande, mar moat de Fryske skoalle der komme, dus de skoalle mei Frysk as grûntaal!”

Mar in quickscan fan de jiergongen 1954 en 1955 op de stekwurden ‘Kneppelfreed’, ‘ûnderwiis’ en ‘skoalle’ leveret gjin hits mear op yn ferbân mei de Fryske bewegersstriid. Yn it jubileumjier 1961, tsien jier nei de kneppels, komt der sels gjin jubileumstik.

De wetten út De Haach komme wol. It binne fierhinne symboalyske oerwinningen – nederlagen soe men ek sizze kinne, want de Fryskpratende boarger sjit der yn ’e praktyk net folle mei op. Sizze tsjin immen dy’t net swimme kin, dy’t it net leard hat, of net doart, of net wol om’t it wetter him te smoarch liket, of om’t er it nut net sjocht, tsjin sa’nien sizze fan ‘mar do meist swimme hear!’, wat set dat út ’e wei?

Dalik nei it oannimmen fan de Wet-Cals komme der eangstige fragen binnen de Fryske beweging, bygelyks op it simmerkamp fan de Skylger Folkshegeskoalle yn augustus 1955: “Troch de Wet-Cals wurde ús inkelde rjochten takend. Binne dy wat wy winskje of hiene wy mear ferwachte? Hoe stiet it mei de âlden en de ûnderwizers; sille hja flot meiarbeidzje oan de ferfrysking fan de skoallen? Sitte wy, nou’t it Frysk ûnderwiis net ferplichte steld is, net noch yn ’e sirkel fan ’e ûnmacht?”

Mar dat is moster nei it miel. En yndie, sûnder wetlike beskerming fan betsjutting giet de Fryskprater de sechstiger jierren yn. De tiid fan auto en televyzje, de tiid fan mobiliteit en yndividualisearring, de tiid fan Hollânsk foar en Ingelsk nei.

It punt is, der wie gjin skyld. Nei Kneppelfreed hat it mar leafst tritich jier duorre, oant 1980, dat binne twa, trije generaasjes, foar’t Frysk ûnderwiis op legere skoallen ferplichte waard. Je soenen ferdoarje tinke oan de tredde need fan it twadde lânrjocht yn de midsieuske Fryske wetten: “Hwersa it bern is stokneaken of hûsleas en as dan de neveltsjustere nacht en de wietkâlde winter oer de tunen leit.”

Goed, dat is wat oerdreaun. Yn de fyftiger en sechstiger jierren hawwe der yndie, al mei al, in tachtig frijwillich twatalige skoallen west. Sa’n 15 persint fan it totaal. En hoefolle goed wurk dêr ek dien is, de measte fan sokke skoallen hâlden wer like hurd mei dat type ûnderwiis op as dat se ferskynd wienen. Tûzen oarsaken – it bern bleau stokneaken en hûsleas.

Wat skeelt dy Friezen eins, soe nou in bûtensteander freegje kinne, dat se altyd sa mei har taal oan it avensearjen binne en it slagget mar noait nei ’t sin? Diglossy is in wurd dat yn de Kneppelfreed-betinkingen eins noait falt, mar it jout wol in idee oer wat ús skeelt. It tsjut op de follefoarmige ûngelikense machtsferhâlding yn in maatskippij tusken in dominante steats- en in minderheidstaal. Diglossy ûntmoediget en behinderet minderheidstaalsprekkers net inkeld op it sosjale, politike, ekonomyske en religieuze, mar ek op it yndividuele, pychologyske mêd om har taal frijút te brûken.

Fryslân is in meartalige, mar foar in grut part dêrby ek noch in diglossyske maatskippij, ek al wol men dat net altyd witte. Frysksprekkers ferwachtsje yn ’e regel neidiel fan in kar foar har memmetaal. De maatskippij druit har dy negative ferwachtingen yn en dêr leit in belangrike oarsaak fan problemen. Formele frijheid fan taalkar docht dêrom neat, of net genôch, om taalgedrach fan minderheidstaalsprekkers frij te meitsjen. Dy sprekkers wolle mei har taalkar tagong krije ta in folweardich, oantreklik sosjaal systeem, dêr’t se in takomst op bouwe kinne. As it Frysk har dat net jout, nimme se it Hollânsk foar kar.

Yn ûnderwiisrapporten oer it Frysk komt foaral dat ekonomyske taalmotivaasjefraachstik hast altyd oan ’e krappe ein. It is ien en al ûnderwiiskunde, didaktyk en lesmetoaden, bedoeld om te helpen by, en te ferlieden ta, it learen fan de taal.

Yn dy ferliedingskeunst is in hiele yndustry ûntstien. Om dochs wat ferbettering yn it Fryske taalûnderwiis fan de grûn te krijen, betellet de provinsje sûnt in pear jier de skoallen foar frijwillige partisipaasje yn in taalprofilesysteem. Skoallen meie sels har leardoelen kieze en de provinsje tsjekt dêrnei oft se foarút of achterút buorkje.

Alarmearjend is dat yn it ûnderwiis op sa’n wize segregaasje op etnyske en geografyske basis op ’e loer leit. Frysktalige bern út de minder Frysktalige grutte doarpen en stêden hawwe ommers in lytsere kâns op goeie Fryske lessen, cq. krije minder goed les, as Frysktalige bern yn de lytsere kearnen op it plattelân. Is dat gjin nuvere ûngelykheid?

It probleem begjint by fierhinne autonome skoalkoepels dy’t foar it Frysk gjin rommer herntsje as it alderlytste wolle. Fan de weromstuit fielt de Provinsje him twongen ta allerhanne kaprioalen, om noch mar wat Fryske les oerein te hâlden. Unifoarme leardoelen mei it praat net oer gean en hielendal net oer leardoelen dy’t lykweardich binne oan it Nederlânske taalûnderwiis.

By justysje is de dûbelheid net minder. Wat gewoan wêze moatte soe, Frysk prate tsjin in rjochter, is ta in tastiene útsûndering makke. Wolle jo wat, dan moatte je x-wiken fantefoarren in tolk oanfreegje. Fan it moaie Kneppelfreedrjocht wurdt allinnich al dêrom mar in hiel, hiel lyts bytsje gebrûk makke.

Alles oersjend, moat men wol konkludearje: santich jier nei Kneppelfreed is foar de oerheid it Frysk noch altyd derop ta. In plus, in regionaal tûfke. In symboalysk kapitaal. Mar as it knypt, kin it gau ta mei wat minder. Of mei hast neat.

Ik rûnje ôf. Kneppelfreed lit him as súksesferhaal krekt wat te maklik fertelle. It hat drama, it hat helden. En ja, it hat de romte iepene foar wetjouwing en rjochten. Der is lykwols genôch reden om it ek fan in oare kant te besjen. Ommers, wat suver alle Frysksinnigen graach woenen, dêr’t se al jierrenlang kampanje foar fierden, dat krigen se net. Krekt tritich jier letter soe de needsaaklike stap yn dat trajekt set wurde.

Schurer, Algra en Piebenga wienen as Frysksinnige haadredakteuren de kaaifigueren yn de doedestiids ferpyldere trijehoeksrelaasje tusken media, beweging en polityk. Nei in healjier fol reboelje en partijstriid yn De Tsjerne, it yntellektuele hert fan de beweging, giene de trije haadredakteuren flugger as de wjerljocht akkoart mei ferlies yn wat se sels ‘de principiële zaak’ neamden.

Harren fiat-tsjin-it-sin gie foar suver elke iepenbiere diskusje oer it kommisjerapport út. Sy hawwe, yn dy sin, fan Kneppelfreed earder in ein makke as in nij begjin.

Oan sa’n nij begjin is it Frysk ûnderwiis oars wol ta. De provinsje is algeduerich dwaande om provisoarysk it lekke dak fan de ferplichting te reparearjen. Sjoen de organisaasje fan it ûnderwiis yn Nederlân en it ûngelikense prestiizje fan it Hollânsk en it Frysk binne syn macht en ynfloed beheind. Ryk en skoalkoepels bepale, dêrom sil it op in soad plakken wol in kwestje fan hingjen en wjirgjen bliuwe.

It eksperimint fan it trijetalige basisûnderwiis liket it nijste yntusken wat ôf, alteast, fan groei is gjin sprake, of ik moat my fersinne. It is ek mar de fraach oft it Frysk dêr oeral sa’n bêst plak yn fine kin.

As ôfsluting fan dizze lêzing dêrom in suggestje foar nij ‘Kneppelfreed-elan’. Lit ús ris serieus hearre nei wat Marten Jan de Haan sein hat yn 1956. Dy hie it oer de needsaak fan skoallen dêr’t net inkeld Fryske les jûn wurdt, mar dêr’t yn it Frysk lesjûn wurdt. En dan yn it hiele kurrikulum, yn in trochgeande learline fan beukerskoalle nei it wittenskiplik ûnderwiis.

Sokke skoallen binne yn oare minderheidstalige gebieten yn Europa, yn Ierlân, Wales, yn Baskelân, hiel gewoan én hiel suksesfol. Sokke skoallen binne gjin ferfanging fan de algemiene ferplichting ta Fryske les. Se binne in oanfoljend besykjen om, nettsjinsteande it diglossyske disfunksjonearjen fan it reguliere taalûnderwiis, perspektyf te bieden oan Frysktaligen op it goed learen fan en yn har eigen taal. En dêr heart dan fansels ek it kreëarjen, troch oerheid en bedriuwslibben, fan maatskiplike kânsen by.

Is it net heech tiid om te besykjen om earst ris twa, trije fan sokke skoallen fan de grûn te krijen?

Genôch om te bepikerjen en te beplúzjen, tocht ik sa. Dêrom woe ik it hjir mar by litte. Tankewol.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter