Diel dit berjocht

Frysk ûnderwiis yn Eaststellingwerf

Yn de LC fan 10 maaie makket de Drintske skriuwer Anne Doornbos him drok oer in sabeare slûpende ferfrysking fan Eaststellingwerf as gefolch fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken de provinsje Fryslân en de Nederlânske steat. Doornbos wynt him op omdat Eaststellingwerf gjin ûntheffing fan de ferplichting fan it jaan fan Frysk ûnderwiis kriget. Men kin jin ôffreegje wêr’t in Drintske skriuwer him mei bemuoit. Kin er dit net better oan de Eaststellingwervers sels oerlitte? Ik bin it nammers net mei him iens dat Eaststellingwerf net ta it Fryske taalgebiet heart. Oars as hy hawwe wol, wurdt der yn dy gemeente yn mear plakken Frysk praat as yn Waskemar en Haulerwyk, bgl. ek yn Appelskea en haadplak Easterwâlde. Faaks net troch de mearderheid, mar wol troch in grutte minderheid. Ut it feit dat de gemeente gjin ûntheffing oanfrege hat, blykt neffens my dat dy it hielendal net slim fynt dat de skoalbern njonken it Nederlânsk ek Frysk leare. De gemeente hat, tink ik, gjin ferlet fan in útsûnderingsposysje yn de provinsje. Boppedat is it allinnich mar geunstich foar de taalûntwikkeling fan de skoalbern om mear talen te learen.

Doornbos fynt it de taak fan de provinsje om de Stellingwervers ûntheffing fan it Frysk troch de strôt te triuwen. Yn de Stellingwerven makket de Stellingwarver Schrieversronte him sterk foar de lokale taal en dêr stiet de Ried fan de Fryske Beweging hielendal efter yn it ramt fan de EBLT (it Europeesk Buro foar Lytse Talen). It soe Doornbos siere as er ynseach dat it Frysk en it Stellingwerfsk mienskiplike belangen hawwe tsjin de dominânsje fan it Hollânsk, yn stee fan him tsjin it Frysk ôf te setten.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

4 Responses

  1. Ferfrysking? Ik moat efkes glimkje. Mei ik Doornbos wize op de ûntfrysking krekt troch ynfloed fan it Saksysk yn it ferline (Grinslân en East-Fryslân) en hjoeddeis troch it tige oerhearskjende Nederlânsk? Elzinga hat folslein gelyk!

  2. Guon Stellingwervers fine de ferhollânsking prima, mar de ferfrysking net. Ik hoech as Fries net noch mear Hollânsk yn ús provinsje te sjen. Ik haw leaver in miks fan Stellingwerfske en Frysktalige doarpen.

    Net ferjitte dat ek Donkerbroek fierweihinne Frysktalich is. Neffens de taaltellingen soe sa’n 40% fan Eaststellingwerf Frysktalich wêze.

  3. Volgens de Friese taalatlas is 70-80% vande kiendes in Ooststellingwerf niet Friestalig. Mut de de provinsie dan Fries onderwies door de strot douwe? Dit liekt me gien goeie aksie. Met dwang beriek je het teugenovergestelde en dat wil je nou net niet. De kiendes dere komme su op een negatieve Wieze met et Fries in aanraking en dat is niet de bedoeling

    1. Klaas, dat leit him dan oan dejinge dy’t it negatyf bringt. Bern tinke net sa koartsichtich as folwoeksenen. Elzinga hat hjir folslein gelyk: It Frysk en it Nedersaksysk (Stellingwerfsk) hearre beide thús yn de Stellingwerven. It is spitich dat guon minsken it nedich fine om alle kearen wer in falske tsjinstelling tusken dy beide talen te kreëarjen. De oerienkomsten binne folle grutter: beide talen hawwe te lijen fan de dominânsje fan it Hollânsk. Wy moatte mei-inoar oplûke, dat wurket folle better as inoar de tinte útfjochtsje.

      Foar it ûnderwiis betsjut dat dat sawol it Frysk as it Stellingwerfsk in plak yn it kurrikulum hawwe moatte soe. Behearsking fan it Frysk hat boppedat in soad praktyske foardielen. De measte Stellingwervers bedarje wol gauris yn situaasjes dêr’t it Frysk brûkt wurdt, bygelyks op ‘e wurkflier. Trijekwart fan de bedriuwen yn Fryslân fynt it wichtich dat personiel it Frysk behearsket (Taalatlas 2020). Dêr hawwe je as Stellingwerver ek wat oan. As je bern yn de Stellingwerven gjin Frysk leare, dan sette je se op in achterstân. Dat wol dochs gjinien?

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (4)
  • Volgens de Friese taalatlas is 70-80% vande kiendes in Ooststellingwerf niet Friestalig. Mut de de provinsie dan Fries onderwies door de strot douwe? Dit liekt me gien goeie aksie. Met dwang beriek je het teugenovergestelde en dat wil je nou net niet. De kiendes dere komme su op een negatieve Wieze met et Fries in aanraking en dat is niet de bedoeling

    • Klaas, dat leit him dan oan dejinge dy’t it negatyf bringt. Bern tinke net sa koartsichtich as folwoeksenen. Elzinga hat hjir folslein gelyk: It Frysk en it Nedersaksysk (Stellingwerfsk) hearre beide thús yn de Stellingwerven. It is spitich dat guon minsken it nedich fine om alle kearen wer in falske tsjinstelling tusken dy beide talen te kreëarjen. De oerienkomsten binne folle grutter: beide talen hawwe te lijen fan de dominânsje fan it Hollânsk. Wy moatte mei-inoar oplûke, dat wurket folle better as inoar de tinte útfjochtsje.

      Foar it ûnderwiis betsjut dat dat sawol it Frysk as it Stellingwerfsk in plak yn it kurrikulum hawwe moatte soe. Behearsking fan it Frysk hat boppedat in soad praktyske foardielen. De measte Stellingwervers bedarje wol gauris yn situaasjes dêr’t it Frysk brûkt wurdt, bygelyks op ‘e wurkflier. Trijekwart fan de bedriuwen yn Fryslân fynt it wichtich dat personiel it Frysk behearsket (Taalatlas 2020). Dêr hawwe je as Stellingwerver ek wat oan. As je bern yn de Stellingwerven gjin Frysk leare, dan sette je se op in achterstân. Dat wol dochs gjinien?

  • Guon Stellingwervers fine de ferhollânsking prima, mar de ferfrysking net. Ik hoech as Fries net noch mear Hollânsk yn ús provinsje te sjen. Ik haw leaver in miks fan Stellingwerfske en Frysktalige doarpen.

    Net ferjitte dat ek Donkerbroek fierweihinne Frysktalich is. Neffens de taaltellingen soe sa’n 40% fan Eaststellingwerf Frysktalich wêze.

  • Ferfrysking? Ik moat efkes glimkje. Mei ik Doornbos wize op de ûntfrysking krekt troch ynfloed fan it Saksysk yn it ferline (Grinslân en East-Fryslân) en hjoeddeis troch it tige oerhearskjende Nederlânsk? Elzinga hat folslein gelyk!

Lit in reaksje efter