Diel dit berjocht

Goeie

Tiden hawwe tiden. Der is in tiid om te skriemen en in tiid om te laitsjen, in tiid om te tsjirmjen en in tiid om te jubelen, sa’t Prediker seit. Sa wie der in tiid fan It Nijs en no is der in tiid fan Goeie. As tiden feroarje, dan feroarje wy mei. No sil net elkenien by it hearren fan ’Goeie’ fuortdaliks oan in nijsbulletin tinke, mar hawar. Dochs is de nije namme fan de nijsside fan de (Ried fan) De Fryske Beweging wol tapaslik, want as Friezen inoar tsjinkomme sizze se ’Goeie’. Lykas Grinslanners en Drinten dat dogge mei ’Moi’.

(boarne Pixabay.com)

Sa’n koarte groet sil wol typysk foar de noarderlingen wêze, want westerlingen hawwe mei ’Goedendag’ twa kear safolle letters nedich om itselde te sizzen. ’Goeie’ wurdt lykwols ek sein by it fuortgean: ’No, goeie hear!’ Sa hat elke streek en elk lân syn eigen brûkmen en gewoanten. Nim bygelyks Súd-Dútslân en Eastenryk. Dêr groetsje minsken inoar mei ’Grüß Gott’ en as der mear byinoar binne mei ’Grüß Gott alle miteinander’. Al hâldt de jongerein it dêr en hjir tsjintwurdich oer it algemien op ’Hoi’ of ’Hallo’. Dat lêste seit in kasjêre yn de supermerk ek gauris as begroeting by it ôfrekkenjen fan de boadskippen. ’Goeie’ soe dan justjes klantfreonliker klinke. Mar om noch efkes yn Eastenryk en Dútslân te bliuwen, dêr sjocht men op huzen en gebouwen gauris in ynspirearjende of religieuze tekst. Bygelyks ’Herr segene dieses Haus, und alle die da gehen, ein und aus.’ Soks sille wy in Fryslân net gau sjen. Op in buordsje neist de foardoar of op in doarmatte stiet wolris ’Wolkom’, mar dêr bliuwt it dan ek by. Wy binne net sa skoatich mei ynspirearjende teksten en as it om it leauwe giet, hâlde Friezen it leaver binnendoarren yn stee it fan ’e dakken te skreauwen.

By minsken thús sjocht men oan ’e wand wolris in buordsje mei in Bibeltekst of de ynspirearjende tekst fan it proazagedicht ’Desiderata’  (dingen dêr’t men langstme nei hat) fan de Amerikaanske skriuwer, dichter, advokaat Max Ehrmann (1872-1945). De earste rigel derfan: ’Wês kalm mids it lawaai en de haast en betink, wat in frede der yn ’e stilte hearskje kin.’ As elk ta dat besef komme soe en yn praktyk brocht, dan seach de wrâld der hiel oars út. Dan krigen wy oare tiden. No, goeie hear!

Jan Bosgraaf

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter