Diel dit berjocht

Grutte plannen foar it ûnderwiis

Yn 1980 waard it Frysk in ferplichte ûnderdiel fan it oanbod op de basisskoalle. Undertusken binne we fjirtich jier fierder. Wy hawwe sa’n santich trijetalige skoallen en de measte oare skoallen dogge wat oan it Frysk, mar it hâldt net oer. Oan plannen, materiaal en goede bedoelingen gjin brek. My heucht in  grutte gearkomste yn 2018 yn Thialf oer de presintaasje fan it Taalplan Frysk. Ik publisearre dêr yn de Ljouwerter op 26 septimber fan dat jier in kritysk artikel oer mei as kop ‘Underwiis kin en sil it Frysk net rêde’.

Mar der binne optimisten lykas it Steatekomitee Frysk. Sneontemiddei 29 juny lêstlyn presintearre dat op de ‘Bewegingsdei’ fan De Fryske Beweging syn ‘ûnderwiis stip op de hoarizon’ foar 2051, hûndert jier nei Kneppelfreed.

“Yn 2051 is it leargebiet Fryske taal en kultuer in struktureel en yntegraal ûnderdiel fan it ûnderwiisoanbod yn Fryslân en is it Frysk op alle skoallen te finen en te hearren. Alle bern hawwe de kâns om taalfeardich te wurden yn sawol it Frysk as Nederlânsk en harren optimaal te ûntwikkeljen. De kearndoelen Fryske taal en kultuer wurde brûkt en oanbean op alle skoallen yn it Fryske taalgebiet en binne ferbûn mei oare leargebieten yn it kurrikulum”.

Ik bin bang dat de ambysje fan it Steatekomitee te grut is. Underwiis is fan grut belang foar in lytse taal as it Frysk. Guon minsken freegje har ôf werom it dan sa swier keallet om te foldwaan oan in normale gong fan saken.

Men moat yn de diskusje eins gjin anekdoatyske arguminten brûke, mar dochs. In jiermannich lyn waard ik troch in basisskoalle op in Frysk doarp frege om yn projektfoarm wat lessen “Yn ’e kunde komme mei de Frânske taal” te jaan. Ik praat Frânsk en jou les oan folwoeksenen. By de presintaasje fan mysels by de earste les sei ien fan de bern: “O, gelukkig ik dacht dat het Fries was.” Op it plein fan dy skoalle waard yn it ferline troch alle bern Frysk praat. Tsjintwurdich prate de measte bern Nederlânsk. De Frysktaligen ek. Wêr komt dy wjerstân wei. Dêr de oare kear oer.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter