Diel dit berjocht

Is de Aziatyske hoarnbij gefaarlik foar de minske?

Sûnt koart komt de Aziatyske hoarnbij (hoornaar) ek yn Fryslân foar, wat wol mei de klimaatferoaring te meitsjen hawwe sil. Dy bij, dy’t ornaris yn swaarmen foarkomt, is benammen gefaarlik foar huningbijen. Hiele bijefolken kinne it slachtoffer wurde. Dêrom is de provinsje begûn om dy ynvasive eksoat te bestriden.

Mar foar de minske kin de Aziatyske hoarnbij ek in bedriging foarmje. Net sa bot as yndividu, mar wol yn swaarmen. Doe’t myn frou en ik in jiermannich lyn mei fakânsje wiene yn Sri Lanka, waard dêr de Sigiryarots, in wichtige toeristyske attraksje, foar it publyk ôfsletten doe’t in stikmannich Dútske toeristen yn it sikehûs bedarre nei’t se by de yngong fan it park troch in swaarm hoarnbijen stutsen wiene.

Noch gefaarliker is de Japanske reuzehoarnbij, mar dy komt no yn Europa net foar. Yn Japan kostet in stek fan dat ynsekt jierliks yn trochsneed sa’n fjirtich minsken it libben, dat sa gau as dat bist Europa berikt it is saak om maatregels te nimmen.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

Foto: Aziatyske hoarnbij (Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0)

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter