Diel dit berjocht

It fertutearzjen fan it Frysk; is de technologyske ‘redding nabij’?

Ien fan de nijsgjirrige wittenskiplike aktiviteiten fan de lêste jierren yn Fryslân is it wer iepenjen fan de Academia fan Frjentsjer. Dy waard oprjochte yn 1585, sletten troch Napoleon yn 1811, mar yn 2018 in nij libben jûn. Sûnt 13 maart fan dat jier wurde der yn de Botniastins oan de Breedeplaats fan Frjentsjer geregeld gearkomsten en lêzingen organisearre.

It is in gearwurkingsferbân tusken de Gemeente Waadhoeke, de Campus Fryslân fan de ryksuniversiteit Grins, de Protestantske Gemeente Frjentsjer en de Stichting Beheer Diaconale Goederen Franeker.

Tiisdeitejûn 28 augustus krige Hans van de Velde gelegenheid om syn ljocht skine te litten oer ‘It fertutearzjen fan it Frysk’ mei as ûndertitel ‘Is de technologyske redding nabij?’ Dat wie net de earste kear dat hy dêroer oan it wurd kaam, want Van de Velde is net allinne ferbûn oan de Fryske Akademy, mar hy wurket dêrneist yn  dieltiid oan de Universiteit fan Utert. Der hold er op 4 maart 2020 syn yntree as heechlearaar ‘Sosjolinguistyk, oangeande de taalfariëteiten yn Fryslân’. Dy oraasje hie deselde titel as syn ferhaal op dy augustusjûn yn de Botniastins.

Der wiene sa’n sechstich minsken, dy’t nei de lêzing fan in oere neiprate koene yn De Doelen oan de oare kant fan ’e dyk. Men kriget foar de tsien euro foar de lêzing nammentlik in konsumpsjebon foar dat Grand Café.

Al mei al in tige aardich ‘format’, om dat Ingelske wurd te brûken. Ik soe myn lêzers oanriede wolle it programma fan de Akademy yn ’e gaten te hâlden. Sjoch academiefraneker.nl. Op 2 oktober komt Rint Sybesma oan it wurd oer it Sineesk en letter yn oktober en novimber binne der trije gearkomsten oer it wurk fan dichter Eppie Dam.

De kommende kear kom ik werom op de lêzing fan Hans van de Velde, want dêr falt genôch oer te sizzen.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter