Diel dit berjocht

It is mei sizzen net te dwaan

Ik kom noch ien kear werom op myn besprek fan de takomst fan it Frysk. Nei krap fjirtich jier kin noch mar sa’n tweintich persint fan de befolking it Frysk skriuwe. Ik kin ek sûnder dat rapport oarsaken betinke: de taalfeardigens fan learkrêften is te lyts, der is wjerstân by bern en âlden, of de skoallen hawwe der by alles wat se moatte gjin belang by, grif net as se troch de ûnderwiisynspeksje ôfrekkene wurde op de ‘Opbrengsten van de Nederlandse Taal’.

Neffens artikel 8 fan de Ierske grûnwet is it Irish de earste offisjele taal fan it lân en it is in ferplichte fak op skoalle. Sels mei wetjouwing en ferplichte ûnderwiis binne der noch mar sa’n tachtichtûzen minsken dy’t it Irish as earste taal brûke en de taal is nearne te sjen. De Romeinen wisten al: Non scholae, sed vitea.

By it learen giet it net om de skoalle, mar om it libben. Fansels binne ferlieding om in taal te brûken en ferplichtingen om in taal te ûnderwizen fan grut belang. Mar dochs, ek mei alle oanrekommandaasjes út dat rapport sil en kin it ûnderwiis it Frysk net rêde. Datselde foar wetjouwing of it berop op minskerjochten.

Minsken litte har liede troch prinsipes: “Ja, it Frysk is in moaie taal en dy moat net ferlern gean”, mar se litte har ek liede troch belangen. By taalgebrûk, sels by it Nederlânsk – sjoch it Ingelsk op de universiteiten – giet it ekonomysk belang faak foar. Men kin yn Fryslân oeral telâne en oeral wurkje sûnder dat men in wurd Frysk praat.

Yn it iepenbier bestjoer, de soarch en it ûnderwiis moat it Frysk dêrom in gewoan plak krije. Wêrom gjin ekstra beleanning foar wurknimmers dy’t de muoite nommen hawwe om har it Frysk eigen te meitsjen. Sûnder ‘keapkrêft’, in ekonomysk belang, soe ús lytse taal it wolris net rêde kinne.

Dêrneist soe de provinsje ynsette moatte op de sichtberens fan it Frysk. Der moat dus noch in soad barre. It kin by it Frysk ek net allinne om mûnling taalgebrûk gean, ek dêrom: ‘It is mei sizzen net te dwaan.’

Dit is myn lêste kollum foar de fakânsje. De folgjende ferskynt op tongersdei 5 septimber.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter