Diel dit berjocht

Jierferslach tsjûget fan warbere Fryske Beweging

De Fryske Beweging is dwaande mei in organisaasjeferoaring. Dat ek de rinnende saken oppakt wurde stiet te lêzen yn it jierferslach oer 2023 fan De Fryske Beweging. Dat krigen de stipers diskear wer kreas opmakke yn print thúsbesoarge.

It jierferslach is kleurryk printe en oersichtlik foarmjûn. De aktiviteiten binne beskreaun yn haadstikken mei titels lykas Ynterne saken, Eksterne kontakten en Polityk. Dêrûnder is yn koarte paragrafen te lêzen dat De Fryske Beweging ferline jier hiel wat beskrept hat. Ut de titels dêrfan is al te begripen wat dat allegearre krekt wie. Under it lêstneamde haadstik binne dy bygelyks: Ynbring nije BFTK, Kontakten mei OCW en Ried fan Europa en Ynbring yn it rûnetafelpetear mei de Twadde Keamer.

It bestjoer fan De Fryske Beweging ferjonget. Ein 2023 binne bestjoersleden Nanne Hoekstra en Jehannes Elzinga opholden as bestjoerslid. Yn it jierferslach is te lêzen, dat nei Simen Hofman in nije tweintiger yn it bestjoer kommen is: Pieter de Zwart. Pieter en Simen hawwe yn 2023 in soad út ’e wei set mei har wurk yn de PR-kommisje. Under it kopke Grutte Ried: fan Ried nei Advysried wurdt útlein hoe’t de nije organisaasjestruktuer wurket.

De Fryske Beweging is fertsjintwurdige yn ferskate gearwurkingsferbannen, lykas de Mediakommisje fan Omrop Fryslân en it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Yn desimber waard it Manifest ‘Prachtig Plat’ mei ûndertekene troch bestjoerslid Pieter de Zwart.

It folsleine jierferslach is hjirre foar elkenien digitaal te lêzen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter