Diel dit berjocht

Lit lju as Van Rossem mar rabje as it oer it Frysk giet

Neffens Maarten van Rossem is grutsk wêze op it Frysk en Fryslân en jin ferbûn fiele mei it heitelân ‘schromelijk overdreven’ en ‘kinderachtige flauwekul’. Moatte de Friezen har dêr wat fan oanlûke? Lit de lju mar rabje, fynt De Fryske Beweging.

De útspraken die Van Rossem yn it programma De slimste mens, dêr’t er dizze kear besocht om wol de ‘slimste’, mar net de tûkste te wêzen. Hy sei dat ‘se’, de Friezen, dogge as is der sprake fan in gearhingjende taal, wylst it mar giet om ferskate dialekten. Dat kin betsjutte dat de histoarikus noch mei de holle yn de tiid sit fan foar de standertstavering fan it Frysk, 1879 of 1945, ôfhinklik fan wa’t je it freegje. Mar it kin ek betsjutte dat de mopperkont des vaderlands, grif net fan it heitelân, fynt dat talen lykas it Hollânsk en Ingelsk ek net pretindearje moatte folweardige talen te wêzen. Dy hawwe ommers in bulte mear dialekten as it Frysk.

Ek wat Maarten van Rossem ‘Frysk nasjonalisme’ neamde moast it ûntjilde. It idee dat Friezen in soarte fan aparte naasje foarmje, fûn er ‘kinderachtige flauwekul’. It is de fraach hoe’t men dat ynterpretearje moat. Is it appelsmots dat Friezen in eigen folk binne of dat minsken har ôfsplitse wolle soene fan Nederlân? Foar it lêste is der hast gjin Fries mear waarm te krijen. Mar Friezen binne wis en wrachtich wol in eigen folk. It is de iennige erkende nasjonale minderheid fan Nederlân. Friezen hawwe in eigen taal en kultuer en Nederlân hat him ynternasjonaal ferplichte om dy te beskermjen en te befoarderjen. Diskriminaasje fan de Friezen wurdt troch de rjochter en wetjouwer sjoen as rasisme.

Wat dan noch mear de rykdom fan ús kultuer is neist ús taal? ‘De slimste mens’ jout dêr al in pear moaie foarbylden fan yn de plaatsjes dy’t de dielnimmers riede moasten, lykas fierljeppen, hearlike sûkerbôle en it skûtsjesilen. Fansels is it te hoopjen dat dêr noch mear rykdom by komt yn de kommende jierren, lykas folslein twatalige rjochtspraak en goed Frysk taalûnderwiis fan pjut oant promovendus. Dan kin er de augurkepot syn bernige appelsmots oare kear miskien thúslitte as it wer oer it Frysk giet.

Sjirk Eildert Bruinsma
Foarsitter fan De Fryske Beweging

One Response

  1. Van Rossem hat gelyk.
    Fansels skriuwe alle Friezen dy’t der ta dogge, harren Frysk allegearre krekt oars.

    Wy litte ús as frije Friezen net yn in soarte fan ABN twinge!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Van Rossem hat gelyk.
    Fansels skriuwe alle Friezen dy’t der ta dogge, harren Frysk allegearre krekt oars.

    Wy litte ús as frije Friezen net yn in soarte fan ABN twinge!

Lit in reaksje efter