Diel dit berjocht

Mienskip  

Minder ite en mear bewege is de iennige oplossing om net te swier te wurden, skreau Pier Bergsma 27 juny op Goeie. Mear bewege kin bygelyks troch by ús alve stêden lâns te fytsen of ris mei te dwaan oan de Slachte, skriuwt er.

No, dat lêste haw ik, tegearre mei myn broer, op 15 juny dien. Goed 42 kilometer yn rein en wyn troch it moaie Fryske lânskip kuierje. Moarns jaget de iene bui de oare en hellet de wyn by fleagen krêft sân en acht. Nei de earste kilometers rint it wetter my al ta de boksen út. Ast dan hjir en dêr ek noch troch de dridze fan net ferhurde paden rinst, moat it ferstân efkes op nul set wurde. Der is lykwols gjin minske dy’t krimmenearret. Sa kuierje wy, mei noch sa’n tsientûzen oaren, mei in goed sin by pleatsen en doarpen del, oanfitere troch bewenners en begelaat troch muzyk en sang. Wylst it wer ris reint dat it wisket, spilet in korps ’Wat is het leven mooi als de zon schijnt’. Wa seit dat Friezen gjin gefoel foar humor hawwe?! Underweis krije we stipe fan ús froulju en by Boazum steane, as ferrassing foar my, myn beide jongste pakesizzers fan acht en njoggen oan ’e kant fan de wei. Mei ‘papa en mama’ binne se út Amsterdam kommen om pake oan te moedigjen. De lêste kilometers nei Raerd rin ik dan ek op wjukken.

Dizze Slachte wie der ien foar trochsetters, kopte de Ljouwerter krante. Mar dat er no echt swier wie, sis ik net. Ik hie mear te dwaan mei de bouboeren. De fuorgen op it ierappellân stiene heal fol wetter en de biten stutsen mei de kop boppe it wetter út as rys op de sawa’s yn Yndonezië. Wêr moat dat mei it gewaaks hinne, frege ik my ôf doe’t ik it seach. Hooplik hat de natuer it goed mei de boeren foar en komt it dochs noch goed. Sa’t it mei de hiele organisaasje ek goed kaam. Wat hawwe al dy frijwilligers in hûd fol (ekstra) wurk ferset, om alles foarinoar te krijen en goed ferrinne te litten. En wat wie it spitich foar de ynwenners fan de doarpen, dy’t alle war dien hawwe om der in moai feest fan te meitsjen, dat it waar spulbrekker wie. Se lieten har der lykwols net troch út it fjild slaan. Dat diene de lju, dy’t de Slachte mei kulturele uteringen opfleuren ek net. Elkenien wurke fol entûsjasme mei. Hulde oan al dy minsken. In treflik bewiis fan Fryske mienskip.

Jan Bosgraaf

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter