Diel dit berjocht

No binne Friezen ek al te swier

Yn in siden grut artikel fan de Ljouwerter Krante fan 12 juny wurdt útlein dat sûn iten folle djoerder is as goedkeape rommel en dat dat ien fan de oarsaken is dat tsjintwurdich safolle minsken te swier binne. Dat liket my ûnsin. Ik wit net fan alles de priis, mar it bosk woartels dat ik koartlyn kocht wie € 1,69 en it pûn hjouwermout 79 sinten. Kinst wetter drinke en dat kostet neat.

foto Pier Bergsma

It wie in moai en ynformearjend artikel oer iten, gewicht en obesitas. Dat lêste is in sykte dy’t meastal ûntstiet troch te folle te iten, mar it kin ek te krijen hawwe mei oanlis of dat it yngewant net goed wurket.

It is net te hoopjen dat wy Amearika efternei gean. Dêr skynt yn guon steaten de helte fan de befolking fierstente swier te wêzen en ik haw ris op ’e telefyzje sjoen, dat der guon binne dy’t de hûn útlitte mei de auto.

It giet om de oplossing en dy is net ienfâldich. As men ienris sa swier wurden is, komt men net maklik op it âlde gewicht werom. De sirkwys yn de harsens binne troch al dat iten feroare en dy binne net samar op ’e nij te programmearjen. Der binne lju dy’t ús wiismeitsje, dat we in dieet folgje moatte. Bygelyks de bôle stean litte, of gjin fet of allinne speltbôle of fize drankjes en pillen keapje. Dat jout allegearre neat en dy rommel is rottekrûddjoer.

Minsken binne net boud om de hiele dei te sitten en te iten. De iennige oplossing is dus om minder te iten en mear te bewegen. Fryslân soe der folle mear as no op ynspylje moatte. Ien fan de publykslûkers fan ús provinsje is it toerisme. Mei al dy te swiere minsken hawwe wy in nije doelgroep. Fytse by ús alve stêden lâns, kuierje yn Appelskea of oer it Waad nei it Amelân rinne of doch ris mei oan de Slachte.

Pier Bergsma

Dit is in part fan myn artikel dat op sneon 15 juny op de opinyside fan de Ljouwerter stie.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter