Diel dit berjocht

Tút en derút

Yn it nijste nûmer fan Toal en Taiken; tiedschrift veur Grunneger kultuur stiet in stikje oer in ferkearsboerd yn it Westerkertier. “Tút en derút” lit it boerd him lêze. Nuver spultsje, fynt de skriuwer Tonko Ufkes. De wurden tuut en deruut binne fansels geef Grinslânsk. ‘Kiss and ride’, soene je yn it Ingelsk sizze. Elk begrypt wat der stiet. Mar wêrom sa’n nuvere stavering? Der is ommers yn 1984 al in standertstavering foar it Grinslânsk betocht. Wa betinkt sa’n singeliere stavering mei aksinttekens? Dat kin dochs oars?
Dêr hat de skriuwer fansels gelyk oan.

Jo begripe fansels wêr’t de oast sit yn dit gefal. Krekt dyselde buorden binne ommers rûnom yn Fryslân te finen, sa’t wy witte. En wy witte ek dat tút en derút like goed Frysk is as bûter en brea. Dat men kin fan tinken wol ha wêr’t dat nuver stavere Grunnegers op dy Grinslanner buorden wei komt.

It soe my gjin nij dwaan as sokke buorden earne yn Lelystêd of witwêre makke wurde dêr’t se gjin aan hawwe fan Frysk of Grinslânsk. Mar hoe sit it mei de Friezen en de Grinslanners sels? Hoefolle Grinslanners witte dat de stavering mei u-aksint Frysk is? Hie Tonko Ufkes dat sels net yn it snotsje of spile er hjir de ûnnoazele? En hoefolle Friezen soene mei dy Fryske stavering bekend wêze? As de Westerkertiersters harren eigen buordsje mei “tuut en deruut” krije, hoelang sil it dan duorje oant in Fryske wethâlder seit fan ‘dy moatte wy ek ha’?

Bouke Slofstra

De foto is oernommen út Toal en Taiken.

3 Responses

  1. ‘Tút’ is Frysk en wurdt yn Westerkwartier en hiel Grinslân net sein. Dêre sizze se ‘doetje’ foar in tútsje. Ufkes hat net iens yn ‘e rekken dat it Frysk is.

  2. Yn it wurdboek fan Ter Laan komt “tuut” yn ‘e betsjutting fan “doetje” (en “tuutjen” yn ‘e betsjutting fan “tútsje”) wol foar, Lútsen. (Dat is te sizzen: yn it suden en westen fan it Westerkertier). Mei in “deuntje” derby: Mien nichtje komt van buten / ze ken niet neien / ze ken niet breien / ze ken niet tuten.

  3. It sil wol Frysk relikt wêze. En tiidwurden dy’t útgeane op ‘-jen’ (doetjen, tuutjen, aanpitjen ensfh.) sit ek in luchtje oan. 🤭

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (3)
  • It sil wol Frysk relikt wêze. En tiidwurden dy’t útgeane op ‘-jen’ (doetjen, tuutjen, aanpitjen ensfh.) sit ek in luchtje oan. 🤭

  • Yn it wurdboek fan Ter Laan komt “tuut” yn ‘e betsjutting fan “doetje” (en “tuutjen” yn ‘e betsjutting fan “tútsje”) wol foar, Lútsen. (Dat is te sizzen: yn it suden en westen fan it Westerkertier). Mei in “deuntje” derby: Mien nichtje komt van buten / ze ken niet neien / ze ken niet breien / ze ken niet tuten.

  • ‘Tút’ is Frysk en wurdt yn Westerkwartier en hiel Grinslân net sein. Dêre sizze se ‘doetje’ foar in tútsje. Ufkes hat net iens yn ‘e rekken dat it Frysk is.

Lit in reaksje efter