Diel dit berjocht

Ynterfryske frouljusmoeting yn East-Fryslân

De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy moeting dy’t om ’e twa jier holden wurdt, is dit jier fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Auwerk en Südbrookmerland.

It is in útwikseling fan froulju út de trije Fryslannen en alle froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân kinne deroan dielnimme. De organisaasje is diskear yn hannen fan seksje East fan de Ynterfryske Rie. De ynstek is om mei-inoar yn ’e kunde te kommen én om yn ’e kunde te kommen mei it “oare” Fryslân. It hiele programma, de kosten en hoe op te jaan steane op de webside fan Stifting Fryske Rie, op facebook.com/FryskeRie en is hjirûnder del te heljen.

De oanmelding fan froulju dy’t niget hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Dat kin by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl. Oanmelde foar in part of parten fan it programma kin ek. Mear ynformaasje is te krijen fia neamd e-mailadres. Tink derom, der is beheind plak, fol is fol.

De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Dat sil yn 2025 wer wêze.

Opjaan en kontakt:

Akkie Lindeboom-Jager
E: alindeboomjager@hetnet.nl
M: 06 – 20582709.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter