Diel dit berjocht

Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal

Alle jierren fiert de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal. De dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en de meartaligens.

Foar de UNESCO binne talen it ynstrumint om it kulturele erfgoed yn libben te hâlden. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwt de taalkundige en kulturele tradysje bestean en wurde minsken har mear bewust fan de ferskillen tusken de ûnderskate kultueren. Dat soe ta mear begryp liede, is it tinken.

Oanlieding om de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal op 21 febrewaris te fieren, binne de rellen yn 1952, doe’t ferskate studinten omkamen by demonstraasjes om it Bengaalsk, de sechsde taal fan de wrâld, erkend te krijen as in offisjele taal fan Pakistan. Pakistan bestie doe út East- en West-Pakistan, it hjoeddeiske Bangladesh en it hjoeddeiske Pakistan. It regear hie fêststeld dat inkeld it Urdu de taal taal fan Pakistan wie. De slachtoffers fan de rebûlje wurde yn Bangladesh op dizze dei betocht mei Ekushey (Dei fan de Martelders). De Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal waard yn 2000 foar it earst fierd. It komitee dat dêrta oprôp, melde dat der hast 6000 talen binne.

Hjoed wurdt yn Ljouwert spesjaal foar Ynternasjonale Memmetaaldei de de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen fertoand. De film is hjoed om 19.30 oere te sjen by Slieker Film. De film wurdt op sneon 24 febrewaris om 13.30 oere nochris fertoand.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter