Diel dit berjocht

Fedde Schurerlêzing 2016

Saterdeimiddei 26 novimber waard foar de seisde kear de Fedde Schurerlêzing holden. Dizze kear mei as sprekkers prof. dr. Alexander Rinnooy Kan en prof. dr. Sietske Waslander oer Onderwijs onder druk. De taak van het onderwijs in een veranderende samenleving.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei Tresoar en it HCL, it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De lêzing is ynsteld nei oanlieding fan de Kneppelfreedbetinking yn 2011. Kneppelfreed wie op 16 novimber 1951. Dat betsjut dat de jierlikse lêzing by foarkar holden wurdt op in saterdei sa ticht mooglik by de 16e . Ynhâldlik wurdt stribbe nei in syklus fan ûnderwerpen dy’t te krijen hawwe mei Fryslân en it libben en it wurk fan Fedde Schurer. Dan hawwe wy it oer polityk, ûnderwiis, sjoernalistyk, poëzij, it Frysk, Fryslân en teology. Elts ûnderwerp komt sa rûchwei ien kear yn de sân jier oan bar. Besocht wurdt yn de lêzingen de Fryske aktualiteit te belûken. Wy hiene de ôfrûne jierren bydragen oer poëzij, minderheidstaal en identiteit, polityk media/kranten en de tsjerke.

Dit jier wie ûnderwiis oan bar. It is net foar neat dat Alexander Rinnooy Kan útnoege waard. Hy hold yn 2015 de jierlikse Kohnstammlêzing ûnder de titel ‘Hoe goed is het Nederlandse Onderwijs’. Rinnooy Kan is heechlearaar ekonomy en bedriuwskunde oan de universiteit fan Amsterdam. Sietske Waslander joech in reaksje op de taspraak. Se die dat yn it Frysk. Waslander is heechlearaar ûnderwiissosjology, lid fan de Onderwijsraad en ferbûn oan it TIAS yn Tilburch. It waard in tige nijsgjirrige middei mei in lytse santich minsken.

Rinnooy Kan begûn syn bydrage mei te sizzen dat it ûnderwiis altyd ûnder druk stiet. Dat is dus net nij, mar troch it hegere tempo fan de feroaringen op it mêd fan wurk en libben is de druk is tsjintwurdich grutter as eartiids. Der wurdt in soad fan minsken ferwachte. De trije R’s – reading, writing en arithmetic – sille de kearn fan it ûnderwiis bliuwe, mar it giet om folle mear. Fan belang is ek wat wurkjouwers ferwachtsje. Boppedat wurdt in soad fan ûnderwizers en dosinten ferwachte. In learareregister soe dêr fan tsjinst by wêze kinne. Dêr aanst mear oer.

Fansels kaam Schurer oan bar yn de lêzing. Soan fan in timmerfeint en in tsjinstfaam brocht er it ta ûnderwizer, Twadde Keamerlid en haadredakteur fan de Heerenveense, letter de Friese Koerier. Rinnooy Kan sitearre út it BVD-rapport oer Schurer “Talentvol en gevaarlijk spreker, vooral gevaarlijk voor jonge menschen.” It ûntslach fan Schurer yn ferbân û.o. mei de kwestje Geelkerken – hat de slang yn it paradys letterlik sprutsen? – waard troch Kan ek koart besprutsen.

De sosjale mobiliteit fan Schurer wie in moaie oanlieding om it te hawwen oer in libben lang learen. Dat is nedich om mei te dwaan yn ús hjoeddeiske maatskippij en wol om trije redenen. Yn it foarste plak fanwegen de wittenskiplike ûntjouwingen. Ommers, de helte fan alle wittenskiplike publikaasjes is fan de lêste tsien jier. Yn it twadde plak is it nedich, omdat it wurk der foar in grut part oars útsjocht as tsien jier lyn en it sil der oer in tal jierren wer oars útsjen as no. Ut ekonomysk eachpunt is in libben lang learen dêrom needsaaklik. As tredde punt neamde Kan it sosjale aspekt fan in libben lang learen: hoe geane wy mei-inoar om yn in hieltyd diversere maatskippij. De dosinten en leararen binne de helden fan it ferhaal, want dy moatte it dwaan. Dat binne de minsken dy’t derfoar soargje moatte dat it enoarme tanimmen fan kennis in fertaling fynt nei jonge minsken om harren ta te rieden op de wrâld fan moarn.

Yn de diskusje nei ôfrin fan de lêzingen kamen benammen twa saken oan bar dy’t earder besprutsen wiene. Dat wie yn it foarste plak art. 23 fan de grûnwet, de wet dy’t de frijheid fan ûnderwiis en it stichtsjen fan skoallen garandearret. Dy jout in soad romte om skoallen yn it eigen fermidden te stichtsjen. It soe neffens Kan better wêze dat de hjoeddeiske bern mei mear oare as inkeld bern fan harren eigen eftergrûn yn kontakt kamen. Dat soe betsjutte dat art. 23 oanpast wurde moat. Net eltsenien yn it publyk dielde dy miening. Der waard troch in pear minsken ek yngien op it learareregister. De wjerstân dêrtsjin hat te krijen mei it gefoel dat der te folle fan boppen ôf oer it fjild útstruid wurdt. Op ’e nij lei Rinnooy Kan de klam op in kearnpunt út dat register, nammentlik de needsaaklike ferplichting foar ûnderwizend folk om oan in libben lang learen te dwaan. In soarte fan ‘rêchsekje’ mei jild soe dêr net allinne foar it ûnderwiis mar ek foar oare sektoaren by helpe kinne.

Wat foar myn gefoel spitigernôch net oan bar kaam, is it tekoart oan wurkgelegenheid as gefolch fan de digitalisearring en robotisearring fan ús maatskippij.

Al mei al wie it in nijsgjirrige lêzing fan in tige goede sprekker. Nije wike sille wy rom omtinken jaan oan de bydrage fan frou Waslander.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter