Diel dit berjocht

Hûnderten Friezen byinoar by Upstalsbeam yn Dútslân

AUWERK – By it Dútske Auwerk kamen ôfrûne tiisdei sa’n 250 Westerlauwerske Friezen, Ostfriezen en Nordfriezen gear foar it jierlikse treffen, organisearre troch it Friesische Forum. Op it plak fan de Upstalsbeam waard yn de tiid fan de Fryske frijheid yn de midsiuwen oerlein troch fertsjintwurdigers fan de ferskillende dielen fan Fryslân oer de rjochten fan alle Friezen. Ditkear waard op de tiisdei fan de Pinksterwike, it stuit dat de gearkomste alle jierren holden wurdt, dúdlik dat der noch altyd in soad belangstelling foar dizze jierlikse tradysje yn de pinksterwike is, ek al hat dy no gjin wetlike konsekwinsjes mear.

Foto: Sjirk Bruinsma

Ut Fryslân wei wiene der ferskate minsken op eigen inisjatyf en gelegenheid nei de gearkomste gien, al kaam de grutste groep Westerlauwerske Friezen mei in busreis organisearre troch de Jongfryske Mienskip. Ek frijwat bekendere Friezen as Attje Meekma, foarsitter fan it Steatekomitee Frysk, Jan Dijkstra, foarsitter fan de Fryske Rie en Onno Falkena, sjoernalist fan Omrop Fryslân, lieten har gesicht sjen.

Europa, demokrasy en opfallend faak ‘frijheid’
De gearkomste stie, fanwegen de Europeeske ferkiezingen op 6 juny, yn it tema fan Europa en demokrasy. Sawol yn it Plattdeutsch, Hochdeutsch as yn it Frysk joegen ferskate sprekkers har fyzje dêrop mei tuskentroch muzyk. It foel dêrby op dat alle sprekkers al gau de link makken nei frijheid, al is dat ek wer net al te frjemd op in betinking fan de Fryske frijheid. Haadsprekker wie de 24-jierrige Sjirk Eildert Bruinsma, sûnt maart de foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. Yn syn taspraak, folslein op goeie.frl te finen, rôp er sawol yn it Dútsk as yn it Frysk op om de Fryske frijheid dy’t Friezen no hawwe, om ek foar oare minderheden op te kommen.

Neffens Bruinsma is Europa in puzel fan regio’s. Krije alle regio’s de juste oandacht en in goed plakje, dan ûntstiet it moaiste plaatsje. En dat betsjut ek dat net allinne it eigen stikje fan de puzel op it goeie plak lizze moat. Fierder sitearre Bruinsma de wurden fan syn foargonger Arno Brok, dat Fryslân foar him foar alles stiet dat goed en moai en hiel is. Brok, de Fryske Kommissaris fan de Kening, spruts foarich jier de Friezen by de Upstalsbeam ta.

Positive reaksjes, mar ek protest
By de jierlikse gearkomste binne der geregeld protesten. Foarich jier waard der protestearre tsjin de plannen fan de Dútske oerheid om in grutte snelwei troch it histoaryske plak oan te lizzen. Dit jier wie der in protest fan beppen dy’t har útsprekke tsjin de opkomst fan ekstreemrjochts, ‘Omas gegen Rechts’. Efternei besjoen – de sprekkers hiene frijwat progressive ferhalen – hiene se har better nochris as ‘Omas gegen Autobahnen’ útsprekke kinnen. De measte reaksjes op de sprekkers wiene tige posityf, al wie der ek krityk. Ien fan de East-Fryske oanwêzigen fûn de sprekkers te polityk, mar ‘der Holländer’ gie noch wol.

Dochs wiene de measte oanwêzigen bliid dat se nei de Upstalsbeam kommen wiene en nei de tiid, neffens tradysje, in bierke en in Bratwurst nuttigje koene yn kafee Kukelorum. It hie, lykas de gearkomste, wat tradysjoneels hoe’t it iten út in lyts keammerke wei optsjinne waard. Wa’t no oar jier ek fan doel is om de twa oeren fan Fryslân nei Auwerk ôf te lizzen docht der goed oan en set alfêst yn it bûsboekje dat der in klapstuoltsje mei moat. Sawol yn it kafee as by de Upstalsbeam wie der mear belangstelling as sitplak, al sil de organisaasje dêr net drôvich om wêze.

Foto: Sjirk Bruinsma

One Response

  1. De ‘Fryske frijheid’ wie in frijheid fan in pear grytmannen/heareboeren, dy’t inoar befochten. It folts wie, sa as yn elts hearskippijsysteem, deltwonge; foar harren gjin ‘demokrasy en frijheid’
    Wat wy sûnt sjoen hawwe is in allinne in skaalfergrutting op elts nivo: mear reginten en amtners, mear belêsting, mear kriich, mear behearsking en twang, minder ‘demokrasy en frijheid’ en wis minder ‘rjochtsteat’, want de sentralistyske naasjesteat hâldt himsels net oan ‘e regels.
    It is ûnwjerlisber dat soks yn in noch grutter ferbân ek grutter wurde sil. Europa, demokrasy en frijheid kinne net mei-inoar. De sabearre puzel fan de regio’s sil fan boppe-op yn ôfsûndere stikjes lein en oplein wurde: ferdiel en hears, it hat nea oars west.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • De ‘Fryske frijheid’ wie in frijheid fan in pear grytmannen/heareboeren, dy’t inoar befochten. It folts wie, sa as yn elts hearskippijsysteem, deltwonge; foar harren gjin ‘demokrasy en frijheid’
    Wat wy sûnt sjoen hawwe is in allinne in skaalfergrutting op elts nivo: mear reginten en amtners, mear belêsting, mear kriich, mear behearsking en twang, minder ‘demokrasy en frijheid’ en wis minder ‘rjochtsteat’, want de sentralistyske naasjesteat hâldt himsels net oan ‘e regels.
    It is ûnwjerlisber dat soks yn in noch grutter ferbân ek grutter wurde sil. Europa, demokrasy en frijheid kinne net mei-inoar. De sabearre puzel fan de regio’s sil fan boppe-op yn ôfsûndere stikjes lein en oplein wurde: ferdiel en hears, it hat nea oars west.

Lit in reaksje efter