Diel dit berjocht

Latte foar it Frysk moat omheech!

Sneontemiddei 29 juny wie it safier. De Ried fan de Fryske Beweging – sûnt koart ‘De Fryske Beweging’ –  hold yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert syn earste ‘bewegingsdei’. Op Goeie.frl is dêr ferslach fan dien. Ik wol my beheine ta de nijsgjirrige bydrage fan it Steatekomitee Frysk op dy middei. Om mei it goede nijs te begjinnen: it komitee fynt dat de tiid der ryp foar is om de latte foar it Frysk heger te lizzen. Dat hie ik al lêzen yn it ferslach fan in Provinsjale Steategearkomste fan desimber 2023.

Mar doe’t ik dat ferslach fan doe fierder lies, sloech by my de twivel ta, want “De talen Frysk en Nederlânsk moatte yn Fryslân in gelikense behanneling krije yn belied en útfiering”, skriuwt it komitee. “Wy stribje dernei”, sa skriuwt it komitee, “om in twatalige provinsje te wurden, dêr’t sawol it Nederlânsk as it Frysk yn alle fasetten fan it deistich libben gelikens yn brûkt wurde kinne. Foar de net-Frysktalige gebieten hawwe wy in ambysje foar de lokale streektalen.”

De twivel dy’t ik doe hie, is sneontemiddei 29 juny nei de presintaasje fan frou Attje Meekma allinne mar grutter wurden. De doelstellingen fan it komitee binne bedoeld as “stip op de hoarizon’ foar it jier 2051, hûndert jier nei ‘Kneppelfreed’. Ik bin fan natuere in optimist. By my is it glês altyd mear as healfol. Mar fan twa dingen bin ik wis. Yn it foarste plak dat ik sjoen myn âldens, ik bin fan 1944, dy datum net meimeitsje sil. Mar ek as ik it ivige libben hawwe soe, soe ik yn 2051 spitigernôch sjen dat dy utopy fan it Steatekomitee, dy paradyslike steat fan Fryslân net berikt is. Soks freget om útlis. Dêroer de kommende wiken, want it hat gjin doel om goede bedoelingen en idealisme fuort en daliks de grûn yn te boarjen.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter