Diel dit berjocht

Friesentreffen 2024: ‘De iene minske stiet net boppe de oare’

Op pinkstertiisdei, alle jierren wer, geane Friezen, oeral wei, nei de Upstal(s)beam by Auwerk yn East-Fryslân (Dútslân) om dêr mei-inoar te tinken en te praten oer wat harren bynt. It is tagelyk in betinken fan de midsiuwske tradysje: it rjochtsprekken fan de sân Fryske Seelannen. Hjirûnder de oersetting fan taspraak dy’t Sjirk Bruinsma, foarsitter fan de Westerlauwerske Fryske Beweging, dêr dit jier yn it Dútsk hold.

Tige tank dat jim hjir allegear binne. En ik wit dat in soad fan jim ek my tankber wêze sille as der hjir wat mear Frysk sprutsen wurdt, dat ik nim hjoed hjir en dêr, yn it ferlingde fan it boadskip, ek wat mear romte foar ús Fryske taal.

Dizze kear dus wat mear Frysk. Tige tank foar de moaie organisaasje en de kâns om hjir by it Upstalsbeamtreffen jim ta te sprekken. En boppe-al, tank dat jim hjir allegear binne. Leave Friezen en mei-Europeanen. Tank ek, dat wy hjir alle jierren byinoar komme, om oer ús mienskiplike skiednis en takomst te praten.

Dit jier bin ik as jongste foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging frege, oer Europa en demokrasy te sprekken. As jim hjir dus allinne foar de lol binne, moatte jim noch efkes wachtsje, oant de muzyk wer losgiet. Yn dat ramt is in applaus foar de moaie muzyk jûn wol op syn plak.

Hooplik sil myn ferhaal jim ek as muzyk yn ’e earen klinke. Foar my is der ien begryp dat Europa mei de demokrasy ferbynt. En dat is de frijheid. Dielde frijheid. Krekt dêrfoar fjochtsje de Oekraïners en geane de Geörgiërs mei Europeeske flaggen de strjitte op. Foar Europa, foar harren demokrasy en foar harren frijheid.

Dy frijheid ken in soad gesichten. Faak giet it om de frijheid fan de ienling. Myn frijheid om hjoed hjir foar jim te stean. Of dat yn Dútslân elkenien in jointsje smoke kin. Of serieuzer, dat wy hâlde kinne fan wa’t wy wolle, frij binne om te dûnsjen en dêr te gean dêr’t wy hinne wolle. Dêr binne ek, mei tank oan de Europeeske gearwurking, grutte stappen yn set.

Mar dy frijheid foar alle yndividuen sit ek in oare kant oan. As wy ús allinne op ússels konsintrearje, ferlieze wy inoar út ’e eagen. Dreechstinne ferhinderet it útsjoch. Sjogge wy allinnich nei ússels, dan sjogge wy inoar net mear stean. Wylst wy ús eigen frijheden fiere, moatte wy ek besjen hoe’t dy ús allegear krêftiger meitsje. Want by frijheid giet it om mear as it yndividu. En it giet ek om mear as mienskiplik frij fan ûnderdrukking te wêzen. Frijheid betsjut mear as net fêstbûn of twongen wurde. Mear as beskerming tsjin gefaar fan bûtenôf. Mear as de mooglikheid om jin achter lânsgrinzen, diken en stekken te ferskânzjen.

Foar myn âlde dosint Dútsk, de hear Swier, dy’t ik tankber wêze mei dat ik jim hjoed yn it Dútsk tasprekke kin, is der ien stuit dat foar him kleare frijheid betsjutte. Op de njoggende novimber 1989 wie er der yn Berlyn live by. De fal fan de muorre. In soad fan jim sille har dat goed yn it sin bringe kinne. Yn Fryslân wiene de minsken dy dei ek net by radio en telefyzje wei te slepen. Mar foar my kaam dy mylpeal troch him, troch de hear Swier, ta libben. Hy hat dat ferhaal sa fol fjoer ferteld dat ik it klear foar eagen hie. It stuit fan minsken dy’t inoar gûlend en laitsjend yn ’e earmen foelen doe’t se nei jierren fan skieding einlings wer mei-inoar wêze koene. Ik wit noch goed hoe bot syn ferhaal yndruk op ús as 15-jierrige skoalbern makke. It foarme ús wrâldbyld. Syn tekeningen op it boerd, dêr’t ús de kâlde rillen by oer de rêch giene troch it skrassen fan it kryt. It fjoer, dêr’t er ús mei oanmoedige om alle muorren yn ús libben te sljochtsjen. En boppe-al de trien dy’t him oer it wang rûn. Yn ús eagen soene dosinten nea gûle. Dat hat myn byld fan frijheid foarme.

Foar my giet frijheid yn wêzen net oer wêr’t wy wei bliuwe moatte, mar wêr’t wy hinne gean kinne. It is gjin beskermjend skyld, mar in ferfiermiddel. Of, om it mei de wurden fan in Nederlânske reizger te sizzen: gjin paraplu, mar in fyts.

Wiere frijheid, wahre Freiheit ist geteilte Freiheit, dielde frijheid.

It stelt ús by steat om ús bern in oplieding te jaan dy’t de wrâld better meitsje sil. It helpt ús, mei help fan demokrasy, om ús ferskate mieningen yn in mienskiplike rjochting te kanalisearjen foar in bettere takomst. Frijheid stelt ús by steat om as mienskip ús lot yn eigen hannen te nimmen en mei-inoar ús takomst foarm te jaan. En dêrmei ús Fryske frijheid, ús lot, foarm te jaan.

Us frijheid is as soerstof foar ús hoop yn drege tiden. En we ha wiswol drege tiden. Sjoch mar nei de grouwélige dieden yn Gaza of it geweld dêr’t Dútske politisy op ‘e dyk oan bleatsteld wurde. Wy libje yn in wrâld fol ûnrjocht, mar op de lange termyn sil it better wurde. In skiere wrâld dy’t dochs it ljocht wit te finen. Alle dagen sjogge we min nijs op Instagram, op ynternet en – foar de âlderein ûnder ús, dat sit hjir wol goed – yn de krante. Mar nettsjinsteande alle minne nijs troch de desennia hinne, liket ús wrâld in stik better wurden te wêzen. Wy binne riker as ea tefoaren. Fryske jongelju appe inoar alle dagen yn it Frysk, nettsjinsteande de doembylden. En net langer in lyts groepke kin studearje. No hat elkenien tagong ta goed ûnderwiis.

Dr. Martin Luther King sei: “De bôge fan it morele universum is lang, mar hy bûcht nei gerjochtichheid.” Dat bûgen giet net fansels, it is gjin natuerwet. It hat neat te krijen mei natuerkunde, wiskunde of skiekunde. It hat mei ús te krijen. It lot leit yn ús hannen. Wy minsken hawwe de macht en de krêft om te besluten it juste te dwaan. It binne minsken dy’t tsjin ûnrjocht opsteane en harren frijheid brûke om te fjochtsjen foar de frijheid fan oaren. En mei-inoar hawwe wy de krêft om bergen te fersetten en de bôge fan it morele universum omheech te bûgen. Elkenien is de smid fan syn eigen fortún, mar mei-inoar smeie we de takomst.

Dat is ús opjefte, ús misje. Ut de wittenskip wei dat de Friezen der kwa beskerming no goed foar steane. As minderheid witte wy it bêst dat demokrasy net betsjutte mei dat de mearderheid gewoan dwaan kin wat er wol. Dat demokrasy gjin diktatuer fan de mearderheid wêze mei. Dat wat en wa’tst bist, bygelyks Frysk, net allinnich in jaske is datst oan- of útlûkst, mar in diel fan dyn hûd. Wy moatte ús realisearje dat op it paad fan allinnichhearskers, dat úteinlik ta it ferfal fan frijheid laat, minderheden as earsten ûnderdrukt wurde. Dat minderheden altyd de earste slachtoffers binne as de frijheid stjert. De skaaimerken fan de identiteit fan minderheden binne de uteringen fan frijheid dy’t as earste ûnderdrukt wurde. Just omdat dy sa sterk binne yn harren ferskil, yn harren frijheid, en dochs sa kwetsber as in minderheid allinnich stiet. Dêrom moatte wy neist oaren stean. Dat lit my tinke oan it gedicht fan Martin Niemöller:

Als sie die Kommunisten holten, habe ich geschwiegen;
ich war ja kein Kommunist.

Als sie die Sozialdemokraten einsperrten, habe ich geschwiegen;
ich war ja kein Sozialdemokrat.

Als sie die Gewerkschafter holten, habe ich nicht protestiert;
ich war ja kein Gewerkschafter.

Als sie die Juden holten, habe ich nicht protestiert;
ich war ja kein Jude.

Als sie mich holten,
gab es keinen mehr, der protestieren konnte.

Ek as wy it as Friezen no goed hawwe, moatte wy ek no, just no, foar oaren opkomme. Der is gjin sterkere útdrukking fan dielde frijheid as demokrasy en taal. Frysk prate is frij wêze. It binne de ynstruminten dy’t wy brûke om te besluten hoe’t wy mei-inoar fierder gean. It is in frijheid dy’t soms beheind wêze kin, mar nea folslein oerwûn wurde kin. Wy hawwe in sterke tradysje. In iuwenlange tradysje fan Fryske frijheid. Hjir, op de Fryske gearkomste yn 1955, sprutsen minsken har út foar in feriene Europa yn it belang fan de Friezen. Fjouwer jier earder demonstrearren Friezen op it Saailân yn Ljouwert tsjin it ûnrjocht dat Friezen yn de rjochtseal gjin Frysk prate mochten. In ûnrjocht dat hjoed-de-dei noch altyd bestiet en dêr’t noch hieltyd tsjin striden wurdt. Tradysje is net de oanbidding fan de jiske, mar it trochjaan fan it fjoer. Want gjinien kin ús ús wurden ôfnimme, ús sterkste wapen yn ‘e striid tsjin ûnrjocht.

Mei dizze wurden kinne we solidariteit toane mei oare minderheden. Mei harren dy’t ûnderdrukt wurde. It petear oangean, ús útsprekke en net opjaan. Sa soargje we derfoar dat oaren ek solidêr mei ús binne. Foar ús taalrjochten, ús mienskip en ús dielde frijheid. Want Frysk is ús mienskip. En de taal is in útdrukking fan ús dielde frijheid. Wy kinne frij Frysk prate, mar as nimmen antwurdet, is dy frijheid neat wurdich. En dêr leit ús rykdom. De rykdom fan de taal fan ús hert, dy’t ús ferienet yn al syn ferskaat.

As Friezen en mei oare folken oer de hiele wrâld, yn grutte en lytse regio’s. Dy regio’s binne as stikjes fan in lispuzel. En as we alle stikjes de oandacht en romte jouwe dy’t se nedich ha, ûntstiet der in prachtich plaatsje. Folle moaier as dat we al dy stikjes samar neistinoar lizze. Mar dat betsjut ek dat net allinnich ús stikje op it goede plak lizze moat. Harkje ek nei de oaren. Help inoar om fierder te kommen as ien allinne kinne soe.

Foar ús persoanlik, foar my persoanlik, is Frysk ek in part fan de puzel dy’t ús hiel makket. Al doe’t ik jong wie, seach ik fierder as Fryslân. De wide wrâld hat my altyd fassinearre. Ik haw ynternasjonale betrekkingen studearre en dêrnei ynternasjonale feilichheid. Ik haw my ferdjippe yn Europeeske definsjegearwurking en it klimaatbelied fan de Europeeske Uny en de Feriene Steaten. Wêrom soe ik my dan mei Fryslân en it Frysk dwaande hâlde? Omdat dat myn woartels binne. Myn fêste grûn. Ik bin net allinnich Frysk. Ik bin eins safolle mear. Mar ik bin net hiel sûnder Frysk.

Myn foargonger hjir, de Fryske Kommissaris fan de Kening, sei it sa moai yn de Twadde Keamer, by de diskusje oer it Frysk, dêr’t ik by helpe mocht om dy te organisearjen, dat Fryslân foar him alles is dat goed en moai en hiel is. Mei in brok yn ’e kiel. Dat is it wat wy diele. Us ferskaat en ús frijheid, dy diele te kinnen.

Dy frijheid bringt in grutte ferantwurdlikheid mei. En dêrom doch ik in oprop oan alle Friezen. Fan de Ofslútdyk oant de Deenske grins. Set jim te skoar tsjin ûnrjocht. Krekt sa’t ik dat doch en folhâlde wol. Brûk de frijheid dy’t wy hawwe, brûk jim Fryske stim, net om te wachtsjen op bettere tiden, mar om bettere tiden te kreëarjen. Bûch om de morele bôge fan it universum omheech troch mei-inoar bergen te fersetten en heuvels te beklimmen. Yn de wurden fan de jongste ynaugurele dichter yn de Amerikaanske skiednis, Amanda Gorman:

As de die komt, trêdzje wy út it skaad,
Untflamd en sûnder eangst.

In nije moarnsdage bloeit op as wy him befrije,

Want der is altyd ljocht,
As wy mar de moed hawwe it te sjen,
As wy mar de moed hawwe it te wêzen.

3 Responses

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter