Diel dit berjocht

Alle tongersdeis yn ’e simmerfakânsje Boeremerk yn Wâldsein

Op in unyk plak yn it sintrum fan Wâldsein, deunby de passantehaven, wurdt fan ’t simmer wer sân kear op tongersdeis de Boeremerk organisearre. In merk fan 10.30 oant 17.00 oere mei mear as 35 diskehâlders. De Boeremerk is al jierren in grutte publykslûker.

It oanbod op ’e Boeremerk is fariearre en kin alle tongersdeis oars wêze. Men fynt der alle wiken farske streekprodukten, oanfolle mei in rom oanbod kado-artikels. Men kin yn ’e kunde komme mei goed 35 diskehâlders. In protte fan harren meitsje it produkt sels en fertelle der graach oer. Benammen farske boadskippen, lykas griente, fruit, jam, huning, bôle, suvel, fleis, fisk, tee en aardige kado-artikels binne dêr te keap.

De earste merk is op tongersdei 18 july. Dit jier wurde wer in protte besikers ferwachte, sawol toeristen as besikers út de regio. In besite oan de merk kin kombinearre wurde mei in ûntdekkingstocht troch it histoarysk part fan Wâldsein. It is mooglik om de 11-stegetocht te dwaan en der binne gesellige ytgelegenheden. Oerdeis kin fergees yn ’e passantehaven oanlein wurde.

Foto: Thea de Jong

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter