Diel dit berjocht

Artikels socht foar konferinsje oer Noard-Fryslân yn Kiel

Yn febrewaris organisearret de ôfdieling Frisistyk fan de Christian Albrechts Universiteit yn Kiel in tematysk fariearre konferinsje ûnder de titel ‘Nordfriesland in Kiel. Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region’.

Omdat de reaksjes tige posityf wiene, is besletten om it format as jierliks evenemint mei lêzingen fuort te setten en struktureel fierder te ûntwikkeljen. De nije edysje fan ‘Noard-Fryslân yn Kiel’ wurdt holden op 24 febrewaris 2025. De oankundiging fan it evenemint is ek in oprop om artikels yn te stjoeren. Elkenien dy’t mei in lêzing oan de konferinsje meidwaan wol, kin de organisaasje foar 15 oktober oankommende in gearfetting fan in heale side oer it ûnderwerp fan de lêzing stjoere fia c.winter@isfas.uni-kiel.de (as Word-dokumint of pdf). Yn prinsipe kinne útstellen út alle dissiplines yn oerwaging nommen wurde, salang’t se Noard-Fryslân mar tematysk behannelje. De sprekkers krije op syn meast tritich minuten sprektiid. Om’t de dei fan it evenemint mar in beheind tal tiidslotten biedt, behâldt de organisaasje him it rjocht foar om op basis fan de yntsjinne suggestjes in seleksje te meitsjen.

Fierdere ynformaasje oer ‘Noard-Fryslân yn Kiel 2025’, it spesifike programma, de lokaasje, ensfh. sil letter dit jier buorkundich makke wurde. Fragen kinne stjoerd wurde nei c.winter@isfas.uni-kiel.de.

Mear ynformaasje is te finen op www.isfas.uni-kiel.de/de/frisistik/veranstaltungen.

Foto thússide: Wikimedia Commons/Siegbert Brey – CC BY-SA 4.0

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter