Diel dit berjocht

Berging fleantúchwrakken WO II yn Noardeast-Fryslân giet troch

It bergjen fan de Vickers Wellington HE356 en de Messerschmitt Bf 109, delstoart yn de Twadde Wrâldoarloch yn ’e gemeente Noardeast-Fryslân, giet troch. De nedige fergunningen binne der foar it grutste part al. It is in yngewikkeld karwei dêr’t ferskillende partijen by gearwurkje. De útfiering wurdt koördinearre troch de stêfoffisier fleantúchbergingen fan it Kommando Loftstriidkrêften. De oannimmer dy’t de berging gund krigen hat is Leemans út Vriezenveen.

Wetterskip Fryslân hat fergunning jûn foar it graven fan in gat yn ’e dyk. De operaasje is technysk yngewikkeld. De feilichheid fan de dyk mei net yn gefaar komme. Foar it bergjen fan de Wellington moat de dyk tusken Holwert en Ternaard oer in lingte fan hast hûndert meter ferwidere wurde. Yn it part dêr’t it fleantúch leit, wurdt oant in djipte fan acht meter in baaikûpe oanbrocht. In tydlike wetterkearing fan daamwandprofilen keart dan it seewetter. Dy moat oan deselde feilichheidseasken foldwaan as de seedyk, dus ek berekkene wêze op in stoarm dy’t ien kear yn ’e tûzen jier foarkomt. It bergjen moat foar 1 oktober 2024 klear wêze, omdat dan kâns op stoarm is grutst is..

Identifikaasje stoflike resten
Foarôfgeand en by de berging wurdt troch ferskate partijen gearwurke. De Bergings- en Identifikaasjetsjinst fan de Keninklike Lânmacht (BIDKL) soarget ek foar de identifikaasje fan stoflike resten dy’t nei alle gedachten fûn wurde. De kosten fan de hiele operaasje wurde fergoede út it Nasjonaal Programma berging fleantúchwrakken mei noch fermiste fleaners út WO II fan it ministearje fan BZK.

Op in perseel fan in boer yn Holwert is begûn mei de wurksumheden op it plak dêr’t de ferwurkingslokaasje komt. Dat is it plak dêr’t de ôfgroeven grûn skielk filtere wurdt om lytse restanten fan it fleantúch en de bemanning fine te kinnen. Der wurde twa fleantugen burgen. Dat is de Vickers Wellingtong HE346 fan it 166 squadron Royal Air Force. Dat wrak leit yn it dykfek tusken Holwert en Ternaard. Oan board fan dat tastel binne nei alle gedachten noch de stoflike resten fan fiif bemanningsleden. Dat tastel stoarte op 26 juny 1943 op dy lokaasje del. It oare tastel, de Messerschmidt Bf 109 fan it Dútske Jagdgeschwarder 1, leit yn it Noarderleech by Hallum. Dat fleantúch, mei oan board noch de piloat, ferûngelokke op 16 july 1943 by in oefening boppe it Noarderleech.

Undersyk neibesteanden
De Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) hat ûndersyk nei de neibesteanden dien. Sawol de neibesteanden fan de fiif bemanningsleden fan de Wellington as de piloat fan de Messerschmitt binne yn byld by frijwilligers fan de Stichting Missing Airmen Foundation. In protte oeren fan speurwurk binne dêroan foarôf gien. Foar de neibesteanden fan de bemanning fan beide fleantugen wurdt skielk in betinking organisearre.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter