Diel dit berjocht

Betinking Gerard Reve en Marije-Himelfeart

Tongersdei 15 augustus wurdt yn Greonterp en Blauhús foar de njoggentjinde kear it Feest fan de Marije-Himelfeart en it libben en wurk fan skriuwer en dichter Gerard Kornelis Franciscus van het Reve fierd mei in tradisjonele lytse plechtichheid.

Marije-Himelfeart 2018 (foto: Sicco Rypma)

Teigetje&Woelrat: “Us feest op 15 augustus is ien fan de wichtichste literêre feesten fan Nederlân wurden.” It programma begjint de middeis om trije oere yn ’e monumintale Sint-Fitustsjerke yn Blauhús mei it lizzen fan blommen by it Marije-alter. Besikers wurde oproppen om blommen foar de hillige Faam en foar Gerard mei te nimmen. Dêrnei wurde gedichten fan Reve en brievefragminten foardroegen. Pastoar Peter van der Weide sjongt by it grutte oargel it Ave Maria fan Franz Schubert.

Dêrnei wurdt yn Greonterp by de klokkestoel njonken Huize Het Gras reade wyn en wetter skonken. Nei it lieden fan de klok wurde der brieven, proaza en poëzy fan Gerard Reve troch Woelrat, Tijger en Hester foardroegen.

It programma wurdt de jûns om 19.00 oere ôfsletten yn ’e Sint-Fitustsjerke mei in plechtige hillige mis ta eare fan de Marije-Himelfeart. Foargonger is pastoar Peter van der Weide. Tijger en Woelrat fersoargje de lêzingen.

De neisit is yn kafee De Freonskip yn Blauhús.

Foto thússide: Blommen foar Marije en Gerard yn 2022 (foto: Sicco Rypma)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter