Diel dit berjocht

Boeremoeting 2024 yn East-Fryslân

Freed 5 july hat in delegaasje út namme fan de Fryske Rie op besite west yn East-Fryslân yn it ramt fan in Boeremoeting.

It doel wie om op Ynter-Frysk nivo net allinnich wer kontakten te lizzen mei de lânbou en de mienskip yn de oare Fryslannen, mar ek om te sjen nei de oerienkomsten fan útwurking fan Europeesk belied en situaasjes en de ferskillende oplossingen yn de neamde gebieten. In besite is brocht oan de melkfeehâlderij fan de famylje Borde yn Jemgum oan ’e Iems. Oan ’e keukenstafel ûntstiene moaie petearen oer buorkjen yn ’e breedste sin fan it wurd yn beide regio’s. Nei it middeismiel hat de groep in besite brocht oan it kultureel erfgoed fan it stien- en dakpannefabryk fan eartiids Cramer yn Midlum oan ’e Iems. Sûnt de 18e iuw waard der stien bakt fan klaai út ôftichele greiden oan ’e rivier. It fabryk wie yn 1962 noch modernisearre, mar moast yn 1972 de doarren slute.

Plannen binne makke om yn 2025 op ’e nij in Boeremoeting te organisearjen, wer mei boeren út Noard-Fryslân derby.

Foto: Fryske Rie

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter