Diel dit berjocht

Bysûndere Aldfryske fragminten opdûkt yn Eastenryk

Yn de Eastenrykske Nasjonale Biblioteek yn Wenen binne twa bysûndere Aldfryske fragminten oantroffen. It giet ûnder oaren om siden fan in oant no ta ûnbekende ferzje fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen, dy’t taalkundich datearre wurde kin yn de iere 14e iuw. De fynst is bekend makke troch de Eastenrykske prof. dr. Robert Nedoma yn it wichtige wittenskiplik tydskrift Die Sprache. Seitskrift für Sprachwissenschaft.

De hânskriftfragminten makken lang diel út fan de priveekolleksje fan Josef Bick (1880 -1952), earder direkteur fan de Österreichischen Nationalbibliothek, dy’t de stikken by syn stúdzje yn Praach krige. Pas yn 2022 waard de kolleksje eigendom fan de nasjonale biblioteek yn Wenen en beskikber steld foar ûndersyk. Wêr’t de Aldfryske teksten oarspronklik skreaun binne, is (noch) net bekend, mar se binne yn alle gefallen ôfkomstich út de provinsje Fryslân.

Ynhâld
It hânskrift befettet neist Latynske teksten twa Aldfryske tekstfragminten. It earste fragmint befettet teksten dy’t besibbe binne oan de fyftjinde-iuwske Jurisprudentia Frisica-tradysje, dy’t op it stuit ûndersocht wurdt troch in team fan wittenskippers by de Fryske Akademy (prof. mr. Jan Hallebeek, prof. mr. dr. Hylkje de Jong, dr. Han Nijdam, dr. Oebele Vries en dr. Marvin Wiegand). It twadde fragmint is in part fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen. De taal fan dy tekst heart ta de âldere taallagen fan it Westerlauwerske Aldfrysk, nammentlik út de iere 14e iuw.

Bysûnder
“It is hiel bysûnder”, seit dr. Han Nijdam, projektlieder fan de ûndersyksgroep Aldfrysk fan de Fryske Akademy. “Der is net folle Aldfrysk oerlevere, dus sa’n substansjeel fragmint fan de Wilkarren fan de Fiif Dielen is in serieuze útwreiding fan ús kennis. It is argaysk Westerlauwersk Aldfrysk, en boppedat fine wy hjir leard rjocht en klassyk ynlânsk rjocht yn ien hânskrift.”

Oer de ûndersyksgroep Aldfrysk
It ûndersyk nei it Aldfrysk (sa. 1050 o/m sa. 1550) is ien fan de flagships fan de Fryske Akademy. Der wurdt al jierrenlang ûndersyk dien nei de Aldfryske taal en it Aldfrysk rjocht. Dat hat laat ta gâns publikaasjes en databanken, wêrfan’t de meast resinte in edysje en oersetting is fan it âldste boek yn it Frysk: Freeska Landriucht. Yn 2024 is it projekt ‘De Wortels van het Westerlauwerse Oudfries’ úteinset yn gearwurking mei de universiteit fan Amsterdam (prof. dr. Arjen Versloot).

Sjoch ek op www.fryske-akademy.nl.

Foto thússide: Nasjonale Biblioteek Wenen (foto: Wikipedia/Welleschik, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter