Diel dit berjocht

De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)

De Fryske Rie is in aktive organisaasje dy’t as doel hat om de kulturele kontakten mei de Friezen yn Ostfriesland en Nordfriesland te ûnderhâlden en te stypjen. De trije Fryslannen foarmje mei-inoar de Ynterfryske Rie (Interfriesische Rat). It bestjoer fan de Fryske Rie fertsjintwurdiget in brede efterban mei leden dy’t út alderhande fermiddens fan it Fryske maatskiplik libben komme (ûnderwiis, wittenskip, media, tsjerken, boeren, ensfh.)

De Fryske Rie siket in skriuwer (sekretaris) foar trochstrings fjouwer oeren wyks.

* Ynhâld funksje
– Notulen gearkomsten fersoargje en omstjoere.
– It meitsjen fan (jier)ferslaggen.
– De webside byhâlde.
– Yn oerlis de korrespondinsje fersoargje.
– It stypjen fan it (deistich) bestjoer yn it ûnderhâlden fan de kontakten mei de seksjes Ost en Nord.
– It regeljen fan praktyske saken foar de bestjoersleden oangeande gearkomsten en reizgjen nei Ynterfryske en oare gearkomsten.

* Dyn profyl
– Do hast talint foar organisearjen.
– Do kinst goed oerwei mei in ferskaat oan minsken.
– Do hast in fleksibele ynstelling.
– Do behearskest it Dútsk (mûnling en skriftlik) en it Frysk goed.
– Do bist graach de spin yn it web by it stypjen fan it bestjoer.

* Wat de Fryske Rie biedt
– In soad selsstannigens yn in team mei entûsjaste minsken.
– Nijsgjirrige kontakten mei kollega’s yn Dútslân.
– In passende frijwilligersfergoeding.

Hast do ek in passy foar de Fryske taal en kultuer en wolst dy ek graach oerbringe yn ynternasjonaal ferbân? Dan heart de Fryske Rie graach fan dy. Foar mear ynformaasje oer de funksje kinst kontakt opnimme mei Gelkje Schotanus (gelkjeschotanus@gmail.com). Yn de mail graach telefoannûmer fermelde. Stjoer dyn sollisitaasje/belangstelling foar dizze funksje nei Jan Dijkstra (j.dijkstra@waadhoeke.nl).

De Fryske Rie besiket fan 1 septimber 2024 ôf de petearen mei kandidaten te fieren. De funksje is garandearre oant en mei 2025.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter