Diel dit berjocht

Dit binne de gefaarlikste fytsgemeenten yn Fryslân

De simmerfakânsje sit der hast wer op. Takom wike streame de Fryske fytspaden wer fol mei skoalgeande bern en dat betsjut útsjen. Spitigernôch barre yn Fryslân alle jierren hast 400 ûngelokken mei fytsers. In treddepart fan dy ûngelokken bart yn Ljouwert. Foar fytsers is dy gemeente is dêrmei de ûnfeilichste fan Fryslân, sa docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan Rykswettersteat, fersekerders en plysje.

Gemeenten mei measte fytsûngelokken
Der barre yn Fryslân jierliks 6,1 fytsûngelokken op tsientûzen ynwenners. Dat tal leit leger as de lanlike trochsneed fan 10,6. Wol binne der grutte útsjitters op lokaal nivo. Ljouwert is relatyf sjoen de ûnfeilichste gemeente fan Fryslân, mei jierliks 10,6 fytsûngelokken op tsientûzen ynwenners. Yn Smellingerlân en It Hearrenfean barre yn ferhâlding ek in protte ûngemakken dêr’t fytsers by belutsen binne. Yn Fryslân sjocht de top 5 fan gemeenten mei de measte fytsûngelokken jiers (hieltyd op 10.000 ynwenners) der sa út: 1. Ljouwert (10,6), 2. Smellingerlân (6,8), 3. It Hearrenfean (6,7), 4. Dantumadiel (5,3), 5. Achtkarspelen (5).

Auto’s en elektryske fytsen
Yn Fryslân wie by hast santich persint fan de fytsûngelokken sprake fan oanriding troch in auto. Wat opfalt is it tal ûngelokken mei in elektryske fyts. Yn Fryslân gie it yn hast 21 persint fan de gefallen om in e-fyts. Elektryske fytsen hawwe (lanlik sjoen) yn de measte gefallen in botsing mei in auto (55,4%), al wurdt der ek faak tsjin net-elektryske fytsen (18,8%) oan riden.

Alle sifers oangeande fytsûngemakken yn Nederlân binne op de ûndersyksside te finen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter