Diel dit berjocht

Trouwe yn it gemeentehûs, wat kostet dat?

Foar wa’t dit jier yn it houliksboatsje stappe wol, is it nijsgjirrich hoefolle oft sa’n plechtichheid yn it gemeentehûs kostet. Gemeenten meitsje sels út watfoar tariven oft se dêrfoar yn rekken bringe. Dat makket dat der grutte ferskillen binne. Foar in trouwerij op freedtemiddei binne fan alle Fryske gemeenten Waadhoeke, Harns en Flylân mei € 225 oant € 229 it goedkeapst, wylst dat yn Ljouwert goed tûzen euro kostet. De trochsneed yn Fryslân komt op € 367,55.

Dy kosten lizze dit jier 5,7% heger as ferline jier, mar de stiging is ek net oeral like heech. Yn Smellingerlân namen se mei tritich persint ta, wylst se yn Harns, It Amelân en Dantumadiel gelyk bleaune.

In soad pearen wolle it leafst op freedtemiddei trouwe. Dêrtroch is dat it djoerste deidiel. Pearen dy’t foar in oar deidiel kieze, kinne meastal op de kosten besparje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter