Diel dit berjocht

Dit simmerseizoen noch twa kear in Boeremerk yn Wâldsein

Yn ’e simmerfakânsje wurdt alle tongersdeis de bekende Boeremerk yn Wâldsein organisearre. De merk is fan 10.30 oant 17.00 oere en wurdt holden yn it histoarysk sintrum fan it wettersportdoarp.

Foto: Thea de Jong

Underwilens hawwe der al fiif merken west; dy wiene tige gesellich en drok besocht. Alle tongersdeis steane der fjirtich diskes mei in fariearre oanbod oan iten en aardige (kado)artikels. Wa’t dit jier noch nei de Boeremerk fan Wâldsein wol: der binne noch twa edysjes op 22 en 29 augustus. Alle kearen slute der wer nije diskehâlders oan. Fan ’t simmer hawwe oant no ta al tachtich ferskate diskehâlders in plak hân. In besite oan de merk is alle tongersdeis wer in ferrassing, om’t it oanbod oan diskehâlders alle kearen wat wikselet.

Muzyk by de lêste Boeremerk fan it seizoen
By de lêste Boeremerk op tongersdei 29 augustus is der fan 13.00 oere ôf muzyk. In grut orkest fan muzikanten út Wâldsein en omkriten spilet de middeis in fariearre programma. It orkest stiet ûnder lieding fan dirigint Guus Pieksma.

Mear ynformaasje:
Webside: welkominwoudsend.nl/boerenmarkt;
Facebook: www.facebook.com/profile.php?id=100083112032000.

Foto thússide: Thea de Jong

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter