Diel dit berjocht

Erfgoedorganisaasjes yn Fryslân úteinset mei it ferbetterjen fan data

Dit jier binne acht datawurkplakken úteinset út it Netwurk Digitaal Erfgoed. Sy stypje organisaasjes by it oanbringen fan ferbetteringen yn kolleksje-registraasjesystemen mei help fan technology. Sûnt april is der ek in datawurkplak yn Fryslân.

Op 19 juny wie de offisjele startgearkomste mei ûnder oare in lêzing oer de hast fergetten Wettersneed fan 1825 troch prefester dr. Lotte Jensen, heechlearaar Nederlânske literatuer- en kultuerskiednis oan de Radboud Universiteit.

Troch it Datawurkplak yn Fryslân krije ynstellingen advys oer it opskjinjen, ferbetterjen en ferrykjen fan data. “Dat dogge wy troch persoanlik advys te jaan en troch it organisearjen fan kursussen en gearkomsten”, fertelt Marina van de Ploeg, datacleaner fan Stichting Erfgoed & Publyk. “Dêrnjonken wolle wy ek in stikmannich produkten meitsje yn gearwurking mei oare organisaasjes. Bygelyks in platfoarm basearre op Linked Open Data oer de wettersneed fan 1825.”

Wurkje oan in tema
Dit jier is it datawurkplak ynrjochte om op twa manieren stipe te bieden. Alderearst wurdt oan in tema wurke. De kommende moannen sille, yn gearwurking mei de digitaal erfgoedcoach, data opskjinne, ferrike en ferbûn wurde mei oare erfgoedkolleksjes oangeande de hast fergetten wettersneedramp fan 1825. Takomme jier, yn febrewaris, is it twahûndert jier lyn dat dy ramp barde. In protte organisaasjes hawwe erfgoed dat oan dy wettersneed relatearre is, mar it is fersnipele rekke.

Dêrnjonken is it datawurkplak der ek foar oare erfgoedorganisaasjes dy’t harren datakwaliteit ferbetterje wolle.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter