Diel dit berjocht

Feerider, berop mei hertstocht

Op ’e feemerk yn Ljouwert is sneon 7 septimber it boek Veetransport, beroep en passie presintearre. Inisjatyfnimmers fan dit boek binne Jannes Betten út Appelskea, Willem van der Bij út Kollumersweach en Gerke van der Land út Twizelerheide. Wilto H. Eekhof skreau de teksten.

Op it terrein waarden âlde en nije feeweinen útstald. Yn de hal wie in fototentoanstelling. De dei wie oankundige as in ‘reüny foar feeriders’. Dy opset is tige slagge. Der wiene goed 300 besikers.
De inisjatyfnimmers, sels aktyf yn it feeferfier, betochten likernôch twa jier lyn dat dit boek der komme moast. Se bestegen in soad tiid oan it opsykjen fan feeriders en it sammeljen fan foto’s. It boek jout in beskriuwing fan tal fan bedriuwen yn Fryslân. Besikers fan de feemerk yn Ljouwert fan bûten de provinsje komme ek oan bar. It boek is flot skreaun en ryk oan foto’s.

It boek kostet € 49,50 (eksklusyf ferstjoerkosten) en hat in oplaach fan 500 eksimplaren. It is te bestellen fia veetransportboek@gmail.com.

Foto thússide: boarne Tekno

Boarne: Tekno

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter