Diel dit berjocht

Feestlike Akademydei op freed 13 septimber 2024

Tusken de iuwenâlde beammen en gebouwen, yn de histoaryske binnentún fan it Coulonhûs, wol de Fryske Akademy graach it 85ste jubileumjier fan de Fryske Akademy feestlik ôfslute.

Op freed 13 septimber binne nigethawwers de hiele dei wolkom om mei it personiel te iten, te proasten en te praten, mar ek om te harkjen nei nijsgjirrige sprekkers en yn ‘e kunde te kommen mei it wittenskiplik wurk fan de Fryske Akademy.

Programma:
Mei de moarns û.o. de ledebeneaming, paneldiskusjes, de kommissaris fan de Kening Arno Brok, de presintaasje fan de nije hússtyl en middeismiel. En mei de middeis û.o. de útrikking fan de skripsjepriis, paneldiskusjes, boargemaster Buma fan Ljouwert, in lytse kroechkwis, en in buorrel mei muzyk fan Hot & Toasty.

Der binne noch in pear plakjes frij. Oanmelde is needsaaklik. Dat kin fia dizze link oant en mei 1 septimber 2024 of salang’t der plak is.

Foto thússide: Binnentún Fryske Akademy (foto: FA)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter