Diel dit berjocht

Fryslân pakt regy op enerzjysysteem fan de takomst

De Fryske oerheden, netbehearders en de Fryske Enerzjy Alliânsje (FEA) hawwe mienskiplik in konsept-enerzjyfyzje opsteld oer hoe’t se it Fryske enerzjysysteem duorsum ynrjochtsje wolle. Fryslân wol yn 2050 de nedige duorsume enerzjy sels produsearje. De konsept-enerzjyfyzje giet no foar konsultaasje nei alle Fryske kolleezjes, de netbehearders en de dielnimmers fan de Fryske Enerzjy Alliânsje.

Yn de konsept-enerzjyfyzje is de mienskiplike ambysje opsteld dat Fryslân yn 2050 sels de enerzjy produsearret dy’t brûkt wurdt, sa it yn 2050 in skjin, rjochtfeardich en betrouber enerzjysysteem hat. Mei dy ambysje is it mooglik om Fryslân fossylfrij te meitsjen, de netkongestje op te lossen en de lusten en lêsten earliker te ferdielen.

Sijbe Knol, deputearre provinsje Fryslân en kofoarsitter Fryske Enerzjytafel: “Wy hawwe dizze Enerzjyfysje nedich om’t wy yn Fryslân en Nederlân foar in grutte opjefte steane: de enerzjytransysje. Yn de Energzjyfisy hawwe wy dêr, mei de Fryske oerheden, de maatskiplike partners (organisearre yn de FEA), Wetterskip Fryslân en de netbehearders, ûnder oaren in mienskiplike ambysje en liedende prinsipes foar fêstlein. Dy foarmje de basis foar as der keazen wurde moat om yn 2050 ta in skjin, rjochtfeardich en betrouber enerzjysysteem te kommen.”

Der is krapte oan romte, duorsume enerzjy en ynfrastruktuer. Om in takomstbestindich enerzjysysteem yn te rjochtsjen moat dêrom keazen wurde. Net alle enerzjyboarnen kinne yn alle sektoaren brûkt wurde. Mei fiif liedende prinsipes wolle de partijen fan de Fryske Enerzjytafel oan in takomstbestindich enerzjysysteem bouwe.

Evert Stellingwerf, wethâlder gemeente Ljouwert en kofoarsitter Fryske Enerzjytafel: “Yn de Fryske Enerzjyfyzje stiet de Fryske mienskip sintraal. Yn Fryslân wolle we mear enerzjy produsearje foar en troch de mienskip. It takomstich enerzjysysteem moat betrouber en betelber foar alle ynwenners wêze. Wy wolle mei ynwenners en ûndernimmers enerzjy besparje en duorsume enerzjyprojekten realisearje. Dêr stypje en begeliede wy harren by. Wy dogge it mei-inoar.”

De kommende moannen kinne de Fryske kolleezjes, it deistich bestjoer fan it Wetterskip, de Fryske Enerzjy Alliânsje (FEA), de netbehearders en de folksfertsjintwurdigers op de konsept-enerzjyfyzje reagearje. Nei it ferwurkjen fan de reaksjes giet de fyzje yn desimber nei Deputearre Steaten foar fêststelling. Om de fjouwer jier evaluearret de Fryske Enerzjytafel de fyzje en stelt dy as dat nedich is by. Om de twa jier wurdt in mearjierreprogramma (it pMIEK) makke dat liedend is foar de folchoarder fan ynvestearringen yn it enerzjysysteem.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter